Kollum: "It goud fan Wiuwert werom nei Fryslân"

04 maaie 2021 - 08:17

"In programma as Roofkunst fan de NPO wjerspegelet de tiidgeast. Yn dy útstjoeringen lit presintator Erik Dijkstra sjen hoe't der redenearre en harsenskrabbe wurdt oer it wol of net weromjaan fan westerske museumskatten oan de lannen fan komôf. Op himsels liket dy fraach maklik te beäntwurdzjen, yn 'e praktyk blykt dat in stik lestiger te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Want wannear is in byld, in masker of in skilderij no krekt meinommen, bemachtige, wûn of stellen? Dijkstra komt telâne yn in juridyske jungle dêr't sokke saken begjinne te spyljen. Mar hy moetet ek hertstochtlike konservators fan musea, dy't hâlde fan harren pronkstikken en net samar ree binne om dêr ôfstân fan te dwaan.

Lykas de konservator fan it British Museum dy't syn Grykske kolleksje fan it Partenon beslist net kwyt wol. Hy seit dat dy by harren it bêste plak hat as it oer konservearjen en útstallen giet. Underwylst is it Akropolismuseum yn Atene ien fan de tsien bêste en modernste musea fan de wrâld, en moatte dy it dwaan mei sniewite, gipsen ôfjitsels fan de orizjinelen dy't yn Londen te bewûnderjen binne.

It ferhaal fan Grikelân, fan Atene en it Partenon is sadwaande ynkompleet. En dêr reitsje wy oan de kearn. Fansels, der is in griis gebiet wêryn't it net dúdlik is oft in foarwerp as kado jûn is, makke yn opdracht, rôve of oanskaft foar in fatsoenlik bedrach. It nijsgjirrige is dat yn in rapport fan Lilian Gonçalves foar de minister fan Kultuer dat ûnderskied, as it oer keapjen giet, net makke wurdt: kocht kin noch hieltyd rôve wêze.

Dêrmei is it dúdlik foar my dat guod dat it ferhaal fan in lân en/of in folk fertelt, yn dat lân en by dat folk thúsheart. Soks jildt dus ek foar it ferhaal fan Fryslân. Der hat bygelyks by de goudskat fan Wiuwert gjin sprake west fan rôverij, mar dat dy skat eksklusyf yn it Rijksmuseum van Oudheden te sjen is, doocht net.

De skat fan Wiuwert is in essinsjeel part fan it Fryslân út de 6e en 7e iuw, in fantastyske fynst dy't mei de goudskat fan Dronryp, de bysûndere fynsten fan Winaam en Hegebeintum de rikens, de macht en de status fan Fryslân yn dat tiidrek yllustrearje. Dy ûnderstreekje it kontakt dat de Friezen mei de Franken hiene, de gearwurking fan de beide grutte machten en úteinlik ek it lettere skeel dat ûntstie.

Al dy fynsten byinoar fertelle it ferhaal fan maritime logistyk, fan de wrâldhannel fan de Friezen, fan elite, it sljochtweihinne folk en famyljebannen as it oer bygelyks Ingelân giet. Dat ferhaal fan Fryslân oant en mei it jier 1000 is ynkompleet. De fynsten dy't dat ferhaal yllustrearje en yn it Rijksmuseum binne, moatte permanint nei it Fries Museum yn Ljouwert.

Dêr hearre se thús, dêr ljochtsje se de Fryske skiednis ta dy't no ynkompleet is. Sjoen de tiidgeast is it net mear as logysk en moreel ferantwurde foar it Rijksmuseum om dy fynsten oan Fryslân werom te jaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)