Pakesizzer fan kommandant Slach om de Ofslútdyk by deadebetinking

225 Nederlânske militêren holden yn maaie 1940 17.000 Dútske soldaten tsjin by de Kazematten by Koarnwertersân. Op dit plak gjin Deadebetinking hâlde is gjin opsje, fine se by it museum dat no op dat plak stiet. Fanwege de coronamaatregels is it programma oanpast, mar der binne wol wat spesjale gasten.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ien fan de minsken dy't in rol krijt by de betinking is Guus Boers, de pakesizzer fan kaptein Christiaan Boers. Dy wie kommandant fan de stelling Koarnwertersân. "Met die 225 soldaten heeft hij de Duitsers tegengehouden", seit Henri Meijering fan it Kazemattenmuseum.
De Duitsers wisten niet hoe snel ze weg moesten komen.
Henri Meijering oer de taktyk fan kaptein Boers
En Boers die dat hiel tûk, fertelt Meijering. "Op een dag wilden honderden Duitse soldaten over de dijk komen. Boers liet ze opkomen over de dijk, tot zo'n 800 meter. Toen gaf hij de mannen die in de kazenmatten lagen opdracht om te schieten. De Duitsers wisten niet hoe snel ze weg moesten komen."
De kaptein hat de oarloch net oerlibbe. "Hij is in het verzet gegaan, maar werd in 1942 opgepakt. In mei van dat jaar is hij gefusilleerd in Oranienburg. Guus Boers heeft zijn opa dus ook niet gekend."

Basisskoalbern lizze blommen

Njonken fertsjintwurdigers dy't blommen lizze, komme ek bern fan de Huzumer basisskoalle Johan Willem Friso nei Koarnwertersân. Dat is ien fan de twa skoallen dy't in monumint by de kazematten adoptearre ha. Publyk kin net by de betinking wêze, mar de plechtichheid wurdt wol opnaam en letter online set.
Omrop Fryslân stjoert de Deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert jûn live út. Foarsitter fan de provinsjale betinking, Sybrand Buma, sprekt de betinkingsrede út. De Fryske Ambassadeur fan de Frijheid, De Kast, soarget foar de muzikale begelieding en in learling fan OSG Piter Jelles draacht in selsskreaun gedicht foar. It programma op telefyzje begjint om 19:45 oere.
Nij dit jier is dat it Kazemattenmuseum ien fan de twa Fryske plakken wurdt fan de Liberation Route Europe. "Dat is een route die de bevrijders volgt", seit Meijering. "Het is dezelfde route die de troepen volgden. Het begint in Engeland, dan naar Normandië, de Ardennen en via Limburg kwamen ze uiteindelijk in Berlijn en Polen. En er is een aftakking naar het Noorden, die in Fryslân uitkomt. Bij het Kazemattenmuseum en op Schiermonnikoog."