PvdA Skylge wol dat kolleezje wach is op gaswinplannen Noardsee

De fraksje fan de Partij van de Arbeid op Skylge wol dat de gemeente alles op alles set om nije gaswinning op de Noardsee foar te kommen. Koartlyn waard bekend dat der mooglik wer gas wûn wurdt, om't it bedriuw Tulip Oil oernaam is troch ynvestearder Kistos.
© Remco de Vries
Yn 2015 hat der ek al ris sprake west fan gaswinning, dêr wie doe in soad protest tsjin. De PvdA-fraksje wol dat der skerp let wurdt op de plannen. De partij wol witte wat de status is fan de plannen en de advyskommisje gaswinning dy't beneamd is.

Oan tafel bliuwe

De PvdA fynt dat it kolleezje op syn minst oan tafel sitten bliuwe moat, om yn elts gefal goed op de hichte te bliuwen. Dy punten binne yn febrewaris 2015 al yn in moasje nei foaren brocht, mar de partij wol dat it kolleezje fan Skylge aktyf hanneljen bliuwt.