Dantumadiel wol gjin sinnepanielen op lânbougrûn

03 maaie 2021 - 20:43

Dantumadiel stiet gjin sinnegreiden ta op lânbougrûn yn de gemeente. In foarstel fan it CDA, FNP en Sociaal Links helle in mearderheid yn de ried. Sinne-enerzjy opwekke op huzen, bedriuwsgebouwen en sândepots bliuwt wol tastien.

Foto: Shutterstock.com (Pfalzdrone)

De partijen jouwe oan wol wurkje te wollen oan it ferduorsumjen fan de gemeente, mar neffens harren hoecht dêr gjin lânbougrûn foar opoffere te wurden. "Grutte sinnegreiden wêrby't projektûntwikkelders mei alle winsten útnaaie, sille wjerstân oproppe. Boppedat is landbougrûn better oars te brûken as foar grutskalige sinnegreiden dy't net yn de omjouwing passe," sa stelt riedslid Sietse Hilverda fan it CDA.

(Advertinsje)
(Advertinsje)