FIDEO: “Er is altijd een uitweg”, it ferhaal fan Susanne

03 maaie 2021 - 20:25

It earste sinjaal wie dat sy gjin rokjes oan hawwe mocht. Stadichoan kaam it geweld. De psychyske terreur fûn sy it slimst. Yn de lêste ôflevering fan Fan binnenút docht Susanne Slikkerveer har ferhaal.

"Er is altijd een uitweg"

As Susanne har eks doe help krigen hie, dan hiene se miskien noch wol byinoar west. Se hiene it ek goed tegearre. Veilig Thuis Friesland kriget de meldingen fan húslik geweld. Fan dêr út begjint it helptrajekt, mei ketenpartners lykas Fier. Want, der is altyd in útwei út húslik geweld.

Yn Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. De rige jout in oangripend byld fan it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.

Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? bestiet yn totaal út acht ôfleveringen. By de searje is ek in podcastrige makke mei mear ferdjipping.

Fragen oer of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of hûslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis. Op de webside van Veilig Thuis steane ek faak stelde fragen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)