Trije minsken ferwûne by eksploazje boat yn Burgum

03 maaie 2021 - 19:54

Yn Burgum hat moandeitejûn in eksploazje west op in boat yn Jachthaven Bergumerdaam. Trije minsken binne ferwûne rekke, dat makke de brânwacht bekend. De slachtoffers binne oerdroegen oan in ambulânse en in mobyl medysk team. Der binne ferskate ambulânsen en in traumahelikopter nei it plak kaam.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De brânwacht koe net foarkomme dat de boat folslein útbaarnde. It is net bekend makke hoe't de brân krekt ûntstean koe en hoe't it op dit stuit mei de slachtoffers is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)