FvD-steatelid Van Dijk oer kontroversjele poster: "Ik hie it sa net dien"

03 maaie 2021 - 18:59

Foarsitter Albert fan Dijk fan de fraksje fan Forum voor Democratie yn Provinsjale Steaten hie it sa net dien mei de poster dy't it lanlike Forum voor Democratie ferspraat hat op sosjale media. Mar hy stapt dêr ek net om út de partij. Yn de kampanje wurdt suggerearre dat yn 2020 in ein kaam oan ús frijheid. Op de posters stiet in ferstjerkrúske by it jier 2020. Minsken wurde oproppen om de poster foar it rút te hingjen.

Foto: Forum voor Democratie

Der is in soad kommoasje oer de poster. Dêr stiet in Befrijingsdei-affysje op, mei de tekst: 'Op 5 mei herdenken we 75 jaar vrijheid' mei de jiertallen 1945-2020. By it lêste jiertal stiet in ferstjerkrúske.

It giet om krityk op it coronabelied. Under oare Viruswaarheid hat de poster ûndertekene. Yn polityk Den Haag krijt Forum lykwols in soad ôfkarring. It Nationaal Comité 4 en 5 mei neamt it 'zeer ongepast.'

'Hypokrisy'

Forum voor Democratie fynt dat de frijheden yn Nederlân sûnt maart 2020 'stelselmatig en fors ingeperkt' wurde. Falt der noch wol frijheid te fieren, of moatte wy op 5 maaie ek betinke, sa skriuwt de partij. Se freegje it publyk om de poster te dielen. Partijlieder Thierry Baudet fynt de krityk op syn poster 'hypokrisy.'

Ferlikingen mei de Twadde Wrâldoarloch wurde wol faker makke, no 't Forum it docht krije wy hiel Nederlân oer ús hinne.

Albert van Dijk, fraksjefoarsitter Forum voor Democratie yn de Fryske Steaten

Allbert van Dijk hat de poster net foar it rút te hingjen. Hy hie it sels net sa dien mei de poster, seit er. Wol is it sa dat de oarloch faak troch de polityk claimd wurdt. As bygelyks it drege tema fan de migraasje op it aljemint komt, wurdt faak it ferhaal fan de Twadde Wrâldoarloch derby helle. Of as minsken grutsk binne op harren eigen lân, lykas guon Friezen. Dan wurdt wiisd op nasjonalisme. Dus it bart wol faker, seit Van Dijk. De ferliking frijheidsbeheining mei de oarloch wurdt al desennia lang makke. It wurdt hiel faak dien en "no't Forum it docht, falt hiel Nederlân dêroer."

Reaksjes

Dat Forum dit mei dy poster sa dien hat, is harren goed rjocht, seit Van Dijk. Hy hie it sels net sa dien. "Dit hie sa net moatten." Oan de oare kant: de reaksjes lige der ek net om, sa fynt er. "Zeer ongepast", "walgelijk", en: "Hoe triest ben je om het immense leed van zoveel mensen, een gitzwarte periode in onze geschiedenis, te misbruiken om aandacht", binne in pear fan dy reaksjes.

Foar Van Dijk is de dalje om de poster gjin reden om út de partij te stappen. Foar him persoanlik giet it by 4 en 5 maaie noch altyd om de Twadde Wrâldoarloch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)