PODCAST: 'Fan binnenút’ oer komplekse skiedingen

De telefyzjesearje 'Fan binnenút: wa soarget foar in feilich libben?' wurdt oanfolle mei in trijedielige, ferdjipjende podcastrige. Yn dizze podcastrige giet programmamakker Miranda Werkman yn petear mei Veilig Thuis-meiwurkers, gedrachswittenskippers en bertrouwensdokters. De saakkundigen fertelle hoe'tst as omstanner in bern helpe kinst.

Komplekse skiedingen

Yn de earste podcastôflevering op 3 maaie giet it oer komplekse skiedingen. Dizze fjochtskiedingen komme hieltyd faker foar. Yn de podcastrige giet Miranda Werkman yn petear mei gedrachswittenskipper Lutske de Vries. Sy nimt de harker mei yn de holle fan âlden dy't it belang fan harren eigen bern net mear lykje te sjen.
Ek Mirjam Hogeboom komt oan it wurd. Sy dielt ûnderfiningen dy't sy meimakke hat as húshâldingsfâd (gezinsvoogd). Sa sjocht sy somtiden dat bern de klean fan de iene âlder útdwaan moatte, foardat se by de oar nei binnen meie. Mirjam lit sjen wat de impact is fan sok gedrach op in bern.
Yn de telefyzjesearje seach programmamakker Miranda Werkman efter de doarren by it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland. De searje lit sjen hoe dreech it is om yn te gripen efter de foardoar; de grins tusken privacy en feilichheid.
Fan 3 maaie ôf komt der foar trije wiken alle moandeis om 16.00 oere in nije podcast online fan 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?'. De podcast is te beharkjen op omropfryslan.nl of op Spotify.
Fragen of fermoedens fan bernemishanneling, âldereinmishanneling of hûslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees, 24/7) of chat mei Veilig Thuis fia veiligthuisfriesland.nl