Waadfûns wiis mei belangstelling foar opkeapregeling garnalefiskers

03 maaie 2021 - 16:48

Njoggentjin garnalefiskers wolle gebrûk meitsje fan de opkeapregeling fan it Waadfûns. Foar dy regeling is goed tsien miljoen euro beskikber. Doel fan it opkeapjen fan de fiskfergunningen is dat parten fan de Waadsee sletten wurde kinne foar de garnalefiskerij. It boaiemlibben fan de Waadsee krijt sa mear kâns om te ferbetterjen. Yn totaal binne der 89 fergunningen foar garnalefiskers yn de Waadsee.

Garnalefisker op de Noardsee boppe de Waadeilannen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De garnalefiskerij yn oare parten fan de Waadsee moat mear takomstperspektyf krije, is ek de bedoeling. It Waadfûns besjocht de kommende tiid hokker fiskers yn de beneaming komme foar de opkeapregeling.

Foarsitter Cees Loggen fan it Waadfûns is wiis mei de belangstelling. De regeling moat derfoar soargje dat goed 11 persint fan de fiskgrûnen foar garnalen yn de Waadsee sletten wurde. It giet om sa'n 9.300 bunder. De seeboaiem kin ta rêst komme yn de fiskgebieten dy't slute.

Boaiem frijwarje

"Op basis van signalen uit de sector hadden we vooraf al wel gedacht dat er belangstelling was, maar 19 is toch meer dan verwacht," seit ek programmaregisseur Geert Boesjes fan it Waadfûns. "Deze opkoopregeling vloeit voort uit een afspraak tussen de overheid, vissers en natuurorganisaties. Dit is één onderdeel van het totale pakket, maar wel een belangrijk onderdeel. Je kunt enerzijds een deel van het Waddengebied vrijwaren van bodemberoering, maar anderzijds zorg je er ook voor dat de druk niet al te groot is voor de resterende gebieden. Daarmee kan het inkomen van de resterende vissers ook op peil blijven."

De regeling is foar ien kear, dus de opkeap bliuwt by dit oantal. "Verder moet het in de toekomst van andere maatregelen komen, denk bijvoorbeeld aan afspraken over vangstbeperkingen of andere soorten netten."

Geert Boesjes fan it Waadfûns

(Advertinsje)
(Advertinsje)