Kommissaris Brok tenei ek nei oare Deadebetinkingen as allinne Ljouwert

03 maaie 2021 - 16:04

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is tiisdei net by de provinsjale Deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert. Yn stee dêrfan is Brok by de betinking op it oarlochsbegraafplak Vredenhof op Skiermûntseach. Brok seit dat de betinking fan 75 jier plus ien in geskikt momint is om it ris oars te dwaan. Hy sil tenei op 4 maaie de provinsje yn. Ien kear yn de fiif jier giet de kommissaris nei de betinking yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Brok sil mei boargemaster Ineke van Gent by de betinkingsplakette wêze, dêr't skoalbern in krâns lizze. Dêrnei sil hy út namme fan de provinsje sels in krâns lizze op Vredenhof, om 20.00 oere. Gewoanwei gie Brok altyd nei de kazematten yn Koarnwertersân en nei de betinking yn de Ljouwerter Prinsetún.

Sichtber wêze yn provinsje

Kommmissaris Brok seit hjiroer: "75 + 1 jier betinken is yn myn belibbing in passend moment om it ris oars te dwaan. Tenei sil ik op 4 maaie de provinsje yn en ien kear yn de fiif jier nei Ljouwert. Der is yn de oarloch rûnom yn Fryslân in soad bard. Der binne in soad monuminten. It is goed om ek dêr omtinken foar te hâlden en om dêr as provinsjebestjoer sichtber te wêzen."

Yn stee fan Brok is deputearre Sander de Rouwe no by de betinking yn de Prinsetún. De Rouwe en deputearre Sietske Poepjes nimme Brok syn taken oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)