Earste boarring ierdwaarmte by Ljouwert, doel is oant 8000 huzen ferwaarmje

03 maaie 2021 - 15:55

Yn Ljouwert begjint nije wike it wurk foar in grut ierdwaarmteprojekt. Gebouwen en huzen wurde tenei mei duorsume enerzjy ferwaarme, sa is it doel. Op hast trije kilometer djipte yn de grûn sit in waarmteboarne. It is de bedoeling dat mei it wetter dêrút gebouwen en huzen ferwaarme wurde.

Foto: Warmte van Leeuwarden

In earste boarring moat dúdlik meitsje oft de waarmteboarne geskikt en brûkber is. As dat sa is, kin de oanlis fan in waarmtenet begjinne. Dêrmei kinne 6000 oant 8000 huzen ferwaarme wurde.

Yn Nederlân wurdt ierdwaarmte al wol brûkt yn de glêstúnbou, mar noch net op grutte skaal yn de huzebou.

Trefwurden: 
Ljouwert ierdwaarmte
(Advertinsje)
(Advertinsje)