Wetterjuffers lizze wurk oan Lendefytspaad by Wolvegea tydlik stil

03 maaie 2021 - 15:29

It wurk oan it fytspaad by de beek De Lende del by Wolvegea is tydlik stillein. Yn it gebiet komme seldsume soarten wetterjuffers (libellen) foar en dy sette yn dizze tiid aaikes ôf op wetterplanten. De oannimmer fiert de boustoffen en de grûn oer it wetter oan, omdat it oer lân net kin. De boaten hawwe dochs mear skea oan de planten oanrjochte as earder tocht waard, en dêrom is it wurk no stillein. It fytspaad is ek letter klear.

Wytsnútlibel - Foto: Luc Hoogenstein

It stik fytspaad dêr't it wurk stilleit, giet fan de Domeinenwei by Wolvegea nei de Kontermansbrêge. It besteande fytspaad fan asfalt wurdt ferfongen troch in brederenien fan beton. Ek wurde op trije plakken âlde beek-lussen opnij útgroeven. It fytspaad folget aanst de meanders en giet al slingerjend troch it natuergebiet by de Roordapolder.

It wurk is begûn yn april. It is noch net dúdlik wannear't it wer begjinne kin nei de stillizzing. De hiele rekonstruksje fan it fytspaad rint fertraging op troch de boustop. It paad is oan de ein fan it jier klear, sa is de ferwachting. Oant dan is it paad ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)