Tal nije coronagefallen heger troch steuring: 298 besmettingen registrearre

03 maaie 2021 - 15:25

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 298 nije coronabesmettingen bykaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne der in soad, mar dat komt omdat it RIVM snein te krijen hie mei in steuring. Dêrtroch wiene der mar 30 besmettingen meld. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 170 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (57) en Súdwest-Fryslân (55). Dêrnei folget Smellingerlân mei 24 nije fêststelde coronagefallen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, ynwenners fan gemeente Ljouwert. Der wienen twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje, dat giet om ynwenners fan gemeenten Ljouwert en Tytsjerksteradiel.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 9.239 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der de ôfrûne wike alle dagen 7.088.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)