"Woekerwinst mei werútjefte âlde medisinen moat Europabreed oanpakt wurde"

De oanpak fan woekerwinsten troch it opnij djoer op de merk bringen fan medisinen dy't ek helpe tsjin oare kwalen, moat Europabreed. Dat seit foarsitter Jouke de Jong fan de Fryske Apotekersferiening. It Amsterdam UMC hat in rekkenmodel ûntwikkele om soksoarte woekerwinsten tsjin te gean. Dat is in goede saak, fynt De Jong, mar hoefolle hellet it út en krije bedriuwen sanksjes as se soks dogge?
© Shutterstock
Guon farmaseutyske bedriuwen helje medisinen nei tsientallen jierren fan de merk en litte se letter as nij, folle djoerder middel weromkomme. It is in trúkje dêr't se in soad jild mei opstrike. Dêrom hawwe ûndersikers fan it Amsterdam UMC en it Soarchynstitút Nederlân in rekkenmodel makke om de reële prizen te berekkenjen foar âlde medisinen dy't op 'e nij op 'e merk komme.
De woekerwinsten wurde net op grutte skaal makke, seit De Jong. In soad medisinen binne op in stuit net mear brûkber en dan wurde se fan de merk helle. Soms docht bliken dat in lyts groepke pasjinten mei in oare kwaal ek baat hat by it medisyn en dan komt it wer op de merk, tsjin in folle hegere priis.

Europa stimulearret ûntwikkeling nije medisinen

Der is Europeeske regeljouwing dy't de ûntwikkeling fan nije medisinen stimulearret. Dat jild strike guon farmaseuten op dy't it besteande medisyn as in nij medisyn op de merk bringe. Se helje dêr hiele grutte winsten út, omdat se gjin ûntwikkelkosten mear hawwe.

Sels meitsje is goedkeaper, mar mei faak net

It rekkenmodel makket ynsichtlik wêr't it echt fout giet, neffens De Jong. Der binne wol goedkeapere alternativen. Sa kinne sikehuzen yn guon gefallen medisinen ek wol sels meitsje. Dat mei net, as der in fabrikant mei dwaande west hat.
De Jong soe it leafst sjen dat dizze saak wrâldwiid oanpakt wurdt. Omdat dat net gau slagje sil, pleitet er foar in Europeeske oanpak.