Supporters en polityk ha fragen oer hurd yngripen fan plysje by huldiging Cambuur

03 maaie 2021 - 13:19

De hurde kearn fan SC Cambuur-supporters hat alle oerlis mei de plysje opsein. Se litte dat witte yn in statement op ynternet. Oanlieding is it hurde plysjeoptreden ôfrûne sneon yn de Fryske haadstêd by de huldiging fan Cambuur.

Fragen oer huldiging Cambuur

Op it Saailân yn Ljouwert kaam it ta in konfrontaasje tusken de ME en de hurde kearn fan Cambuur. It is de supporters noch altyd net dúdlik wêrom't der yngrepen wurde moast. De supporters binne poer. Se fine dat de plysje de saak eskalearje litten hat.

"We hadden een goede locatie gevonden voor het toejuichen van de spelers in de helikopter", seit bestjoerslid Thijs van Beijeren fan Cambuur Culture. "Ver buiten het centrum, weg van alle drukte in de stad. Dat werd ons verboden."

Om't se dochs by de huldiging wêze woenen, ha se in oare lokaasje socht. Dat waard it Aldehoustertsjerkhôf yn de stêd. Van Beijeren: "Daar werden we direct al aangesproken door de politie. Onze drankjes werden afgepakt en we moesten vertrekken. Zo kwamen we uiteindelijk op het Zaailand."

Foto: Jaring Rispens

Op it Saailân rûn it efkes letter út de hân. Op it momint dat de helikopters krekt oerflein wiene, begûn it plysjeoptreden. Van Beijeren kin der noch hieltyd net by wêrom't dat nedich wie.

"Nee, er was geen aanleiding. We hadden rook en vuurwerk. Niet eens extreem vuurwerk. En dan wordt er hardhandig ingegrepen. Ik snap dat niet. Je gedoogt een huldiging na promotie, je gedoogt een volle Prinsentuin met Koningsdag en dan grijp je nu in? Bij een kleine groep mensen die op dat moment niets verkeerd doet? Ik snap dat niet."

Fragen by de polityk

Ek de Ljouwerter gemeentepolityk easket opheldering oer it plysjeoptreden. It Ljouwerter Lijst 058 riedslid Otto van der Galiën siet sneontemiddei sels op it terras op it Saailân en seach fan tichtby wat der barde. "Sa mar ynienen grypt de plysje yn. Ik wit net oft der warskôge is, mar dochs kaam dit nuver oer."

Van der Galiën wol dêrom útlis ha fan boargemaster Sybrand Buma en de plysjesjef. "Wêrom litte je situaasjes lykas it feest op it Cambuurplein nei de promoasje, in folle Prinsetún op Keningsdei en by it kampioenskip fan Cambuur gewurde, mar sizze je no fan: yngripe. Ik wol witte wat de argumintaasje is."

Neffens Van der Galiën moatte de plysje en de boargemaster it belied útlizze kinne oan de boargers. Dy dúdlikens is der no neffens him net: "Ik krij ek mails fan minsken dy't op it Saailân wienen en dit allegear ek net begripe. Koartsein: Lis it út."

Foto: ANP Foto

Supportersferiening MI-SIDE lit yn harren statement op ynternet witte dat se alle oerlis mei sawol de gemeente as de plysje opsizze. Se skriuwe dat it der op liket dat "er iets moest gebeuren om voetbalsupporters en SC Cambuur in een kwaad daglicht te zetten."

Boargemaster Buma fan Ljouwert sei sneon noch yn in reaksje dat de sitewaasje "absoluut onacceptabel" wie en dat de plysje net oars koe as yngripe.

Foto: Jaring Rispens
(Advertinsje)
(Advertinsje)