Wenhûs coronapasjinte yn sikehûs bekladde mei 'Covid is fake'

03 maaie 2021 - 12:06

Wylst se sels mei corona yn it sikehûs leit, is by in frou thús in rút bekladde mei de tekst 'Covid is fake'. Dat makket de wykagint fan de gemeente Waadhoeke bekend. Der stiet net by yn hokker plak oft de bekladding plakfûn hat.

Foto: Wijkagenten Waadhoeke Buiten

Kinst it mei in soad dingen net iens wêze, mar fervje de tekst dan op dyn eigen rút, skriuwe de wykaginten ûnder de foto op harren Instagram-account. De frou leit mei covid en hege koarts yn it sikehûs, stiet der fierder te lêzen. It soe de dieders siere om op ôfstân ekskuzen oan te bieden. Ien fan de reaksjes: Ekskuzen binne net genôch. Dit is syklik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)