Sjoch werom: Each foar de soarch - "Wy slepe inoar der trochhinne"

03 maaie 2021 - 20:55

Wy stiene moandei de hiele dei stil by de soarch troch soarchmeiwurkers yn de provinsje yn it sintsje te setten. Want mear as in jier nei de corona-útbraak stiet it soarchpersoniel noch hieltyd ûnder swiere druk. Yn in oprop fregen wy eltsenien wa't der in tankwurd fertsjinnet.

18:33
Each foar de soarch by Omrop Fryslân!

By Omrop Fryslân wie de hiele dei omtinken foar de soarch:

18:14
Al in jier lang maratondrave op it toskfleis

Neffens Stella Salden fan beropsorganisaasje NU'91 rinne de soarchmeiwurkers al in jier lang in maraton op harren toskfleis. "Het is alle hens aan dek, de werkdruk is hoog, veel mensen zijn moe en opgebrand. We moeten met z'n allen de verantwoordelijkheid nemen." Salden ropt eltsenien op om har noch efkes oan de regels te hâlden.

Stella Salden fan NU'91

18:09
Yn alle drokte

"Ja minsken, in geweldich goed idee om oan alle minsken te tinken dy't soarch jouwe," skriuwt Anneke van der Pol-Hofstee fan Snits. "Ik woe myn âld-kollega's op de IC fan it MCL sterkte winskje. Want ik wit wat de drokte ynhâldt. Ferpleechkundigen, dokters en ek meiwurkers fan it fasilitêr, dy himmelje en poetse omraak."

17:59
Beide âlden yn de soarch

Femmie wol graach har beide âlden yn it sintsje sette. Sy fertsjinje neffens har wol in grut komplimint. "Beiden werkzaam in de zorg, mijn vader in Ziekenhuis Nij Smellinghe en mijn moeder in het Suyderhuys, voor allebei maar met name voor mijn vader was en is het nog steeds heel zwaar, druk en stress."

It betsjut trochwurkje yn de fakânsje, somtiden yn de wykeinen ek. "Voor allebei zo enorm veel respect voor hoe ze het allemaal (blijven) doen en blijven volhouden en doorgaan. Daarom dit bericht, voor deze 2 toppers!"

17:49
'Simply the Best'

Neffens Chris de Jonge is it heech tiid dat fersoargjenden yn it sintsje set wurde. Hy skriuwt: "Zelf strijd ik nog met de navolgen van asbestkanker en heb het overwonnen. Dankzij de hulp van vele zorgmedewerkers van de Warrenhove in Drachten en nu in Heerenveen waar ik weer alleen en zelfstandig woon. Thuis wordt ik bijgestaan door Comfortzorg waar fantastische verzorgenden tijd voor je maken en een stuk eenzaamheid wegnemen."

De soarchferlieners kinne in soad net dwaan om't sy mei kwetsbere minsken wurkje, sjocht De Jonge. Foar Warrenhove en Comfortzorg hat hy dêrom it nûmer Simply the Best oanfrege, want dat binne sy neffens him.

17:44
'Hart onder de riem'

Anneke Boscha wurket by Dialyze Fryslân yn Ljouwert en op It Hearrenfean. "We zijn vanaf vorig jaar in de greep van het coronavirus," skriuwt sy. "Personeel en patiënten zijn door corona geraakt en dit heeft veel impact op het team gehad en ook op de patiënten. Daarnaast ook de familieleden, die extra voorzichtig zijn, omdat dialysepatiënten een kwetsbare groep zijn. Ik steun dit initiatief van de Omrop en ik weet dat er op maandagochtend patiënten luisteren naar jullie zender." Anneke hat spesjaal foar de meiwurkers en pasjinten fan Dialyze Fryslân in plaat oanfrege, 'als steun en hart onder de riem.'

17:14
Ek by Nieuw Mellens steane sy stil by de soarch

Harkje hjir nei in reportaazje fan ferslachjouwer Willem de Vries yn Nieuw Mellens yn Ljouwert:

Ferslachjouwer Willem de Vries

Yn Nieuw Mellens - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
17:00
Persoanlike soarch yn Sint-Anne

Gea Oevering en har man hawwe in lytsskalige wensoarchfoarsjenning foar âlderein yn Sint-Anne: De Parrebeam. It wie in dreech jier, sizze sy. Mar stadichoan komt der al wat mear hoop:

Ferslachjouwer Willem de Vries yn Sint-Anne

Noorderbreedte State De Parrebeam yn Sint-Anne - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
16:29
Inoar der trochhinne slepe

Alice Rozema wurket by Talant yn Stiens as ferpleechkundich begelieder by bern en folwoeksenen mei in geastlike beheining. It hat foar har in swier coronajier west. De kliïnten snapten neat fan de nije situaasje. Alden mochten net op besite komme, deibesteging kaam stil te stean en beskermingsmiddels wiene der yn 't earstoan hast net. Mar as soarchkollega's hawwe sy in soad oan inoar hân, sy hawwe inoar der trochhinne sleept.

De ljochtpuntsjes binne der, seit Alice, mar de soarch is ek hurd oan rêst ta:

Alice Rozema, wurket by Talant yn Stiens

Foto: Alice Rozema
16:21
Dizze kollega's binne goud wurdich!

Tina en Michelle fan Kijlstra Ambulânsesoarch hawwe de meiwurkers fan it covid-hûs op It Hearrefean yn it sintsje set. Sy hawwe in soad bewûndering foar harren en namen dêrom dit inisjatyf. "Sy binne altyd bêst op 't skik en steane altyd foar ús klear as wy komme foar in patjint", jout ferpleegkundige Tina oan. "Dêrneist moatte sy de hiele dei mei in mûlkapke op wurkje." Dat dat bêst dreech is, witte de beide froulju as gjin oar. "Wy fine ús kollega's fan it covid-hûs op It Hearrefean tige bysûnder en goud wurdich!"

Foto: Hilde Koopmans
(Advertinsje)
(Advertinsje)