Deade yn Dokkumer Ie is 34-jierrige fermiste Ljouwerter

De identiteit fan de persoan dy't libbenleas yn it wetter fan de Dokkumer Ie fûn is, is fêststeld. It giet om in 34-jierrige man út Ljouwert dy't sûnt in lytse oardel wike fermist waard. De plysje slút in misdriuw út.
© ProNews
It lichem waard sneintemiddei fûn tusken Lekkum en Wyns oan de kant fan Jelsum. It paad by de Ie del en it wetter fan de Ie sels waarden ôfset om ûndersyk dwaan te kinnen. Boaten koene der in skoftsje net mear del. Nei ûndersyk waard moandei bekendmakke dat de plysje wit om wa't it giet. It lichem fan de 34-jierrige Ljouwerter is oerdroegen oan de famylje.