PODCAST Smokkelbern #5: "Als we hadden geweten dat we Jopie zo zouden missen"

It Joadske jonkje Joseph Schijveschuurder wie yn de oarloch ûnderdûkt by de famylje Venema yn Boalsert. As Jopie Venema wie er gelokkich mei syn Fryske âlden en syn broer en susters. Nei de oarloch waard besluten dat er dêr net bliuwe koe, ta syn grutte fertriet. Yn ôflevering 5 fan de podcast Smokkelbern, mei ferhalen fan Joadske ûnderdûkbern yn Fryslân, fertelt programmamakker Annet Huisman oer it meitsjen fan de Fryslân DOK oer Joseph. Hy fielde him in libben lang nearne thús.
Beharkje de podcast:
Yn Amsterdam kaam Joseph Schijveschuurder nei de oarloch te wenjen by Theo en Trudel van Reemst, it pear dat him as puber nei in ynternaat yn East-Dútslân stjoerde. In ferhuzing letter mei syn húshâlding nei Boalsert brocht him net it 'thús' werom dat er sa miste. In libben lang hat Joseph him ferdreaun field. Hy wennet no yn Dresden mei syn frou Elfi. Har soan Mario wennet - opmerklik genôch - wól mei syn gesin yn Boalsert.
Smokkelbern, de podcast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapps en op Spotify. Mear ynformaasje op omropfryslan.nl/smokkelbern.
© Omrop Fryslân
De podcast Smokkelbern wurdt makke troch Gerard van der Veer en Karen Bies. Der is ek in Fryslân DOK-rige Smokkelbern fan fiif telefyzjedokumintêres, makke troch Gerard van der Veer en Annet Huisman, te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.
'Smokkelbern' is ûnderdiel fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen', in gearwurking fan Stichting de Verhalen, Tresoar, Omrop Fryslân, Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant.