Kollum: "Ik sjoch se fleanen"

03 maaie 2021 - 08:21

"Us hûn rint by in 'gedrachsdeskundige'. Ik hie nea tocht dat ik dizze sin útsprekke soe. Allerearst fanwege it feit dat ik noait it plan hân ha om sels in hûn oan te skaffen. En as twadde omdat ik al hielendal neat op ha mei minsken dy't harren húsdier behannelje as wie it in minske. Mar tadaa! Hjir stean ik: hûne-eigener en hielendal yn de ban fan ús gedrachsdeskundige.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

In goudfisk dy't op swimles moat. In hamster dy't in 'rebirth' krijt. In hynder dat nei klankskaalyoga giet. Of in kat dy't yn terapy is foar hichtefrees. Ik fûn it altyd allegear mar ien grutte ûnsin. In bist is in bist. Dy redt 'm wol. Mar dochs bin ik dit jier oerstaach gong. Sûnt koart binne wy yn training by in 'hondengedragsdeskundige'. En it befalt my poerbêst.

Om by it begjin te begjinnen. Wy ha dit jier Joep, de hûn fan myn broer krigen. In skat fan in bist, mar hy hat ien gebrek. Joep is sljocht fan auto's. Hy sjocht se al op kilometers ôfstân foarby riden. Hy begjint al te skûmbekjen as er allinnich mar it lûd fan in ronkende disel heart. En dat is net alles. It leafste soe er der kilometers achteroan fleane en yn de bannen happe, as in bordercollie dy't syn kudde hoedet.

No wenje wy yn in bosk, oan in sânpaad dêr't net in soad auto's lânsride. Probleem oplost, soest sizze. Mar ek as wy Joep hjir útlitte sjocht er se noch fleanen en skuort as in wylden oan it tou. It is by ús sa stadichoan in spultsje fan: de hûn lit de baas út. Wy waarden der al mar frustrearder fan. Fandêr ús lêste rêdingsplan: de 'hondengedragsdeskundige'. In Cesar Milan, mar dan in froulike Wâldpykfariant.

In pear wike lyn hienen wy de intake. Wy wienen suver senuweftich. Want meastentiids leit de oarsaak fan it probleem net by de hûn mar by de baas, hienen wy op ynternet lêzen. Dat wie ek by ús it gefal. It wie net sa sear Joep dy't wat oan syn gedrach dwaan moast, mar benammen syn baaskes.

Oan de hân fan sân saneamde roedelleider-regels leare wy Joep hieltyd better begripen. En hy ús, ek net ûnbelangryk. Boppedat leare wy bepaalde sinjalen te herkennen. Sa is gapjen bygelyks net in teken dat in hûn slûch is, mar dat er stress hat. Itselde jildt foar in hûn dy't himsels om 'e noas slikket of begjint te jokjen. Allegear tekenen fan stress.

Sûnt in pear wike binne wy yn training. En it giet poerbêst. Stapke foar stapke leare wy om de stress foar te kommen troch op tiid yn te gripen. Dat is sa maklik noch net, mar wy dogge ús bêst.

Ferline wike fertelde ik in freon oer ús training. Oer it lêzen fan Joep syn gedrach en it opfangen fan bepaalde sinjalen. Hy begong breedút te gnizen en ek syn sinjalen koe ik sûnder muoite lêze. 'Net Joep sjocht se fleanen, mar do sels', koe ik oan syn kop wol ôflêze. Ach ja, dêr hoecht gjin gedrachsdeskundige foar lâns te kommen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)