Ferplegers mei mûlkapkes rêden dizze coronapasjint fan de dea, en no komt er werom nei it sikehûs

Mear as 10 wiken lang lei Andries Bekhof fan Ljouwert op de intensive care. Hy hie corona en dokters tochten dat er it net rêde soe. No is hy der wer boppe-op.
Dit is it ferhaal fan Andries Bekhof:
Bekhof is 75 jier âld. Fan 3 april oant 10 maaie 2020 waard er yn koma hâlden. Yn totaal lei er 72 dagen op de IC fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Dokters tochten dat er it net rêde soe, mar wûnder boppe wûnder knapte er op, nei in lange perioade yn it sikehûs.
Foar syn bern wie it in ûnwisse tiid. Ferskate kearen tochten se dat se ôfskied nimme moasten. Bekhof sels krige der neat fan mei, mar yn de moannen dernei krige hy troch hoe heftich oft it west hat. Dat emosjonearret him no noch. Hy sjit fol, as er fertelt dat de de dea sa tichtby wie.
Andries Bekhof op de IC © út it argyf fan Andries Bekhof
It wie hiel nuver, fertelt Bekhof, doe't er wekker waard nei wiken fan koma. Oan de iene kant wist er dat er yn it sikehûs lei, mar sa no en dan tocht er dat er yn in romteskip lei, of gizele wie troch Fjetnamezen. De ferpleechkundigen en dokters hiene allegearre pakken oan en mûlkapkes foar. Hy hearde allinne de stim, en hy seach de eagen.
Ien momint hat er him noch helder foar de geast. Doe waard er foar de tredde kear negatyf test. "Er kwam een verpleegkundige binnen en die riep: Negatief! En toen gooiden ze allemaal hun mondkapjes af! Dat was prachtig!"
Al moannen wol Bekhof it personiel fan it sikehûs tank sizze, mar de coronaregels binne noch hieltyd strang. Je komme it sikehûs net samar yn. Omrop Fryslân soarge foar in moeting mei yntensivist Peter Kingma en IC-ferpleechkundige Rinske de Vries. Beide kenne se him noch goed.
Omrop Fryslân hat moandei 3 maaie de hiele dei each foar de soarch. Us ferslachjouwers sykje jo ferhaal. Wolle jo ien yn it sintsje sette? In plaat oanfreegje, in ferhaal fertelle of jo wurdearring útsprekke? It kin allegearre. Fan de intensive care-ferpleechkundige oant jo thússoarchmeiwurker, eltsenien fertsjinnet in komplimint.
Wa't wat kwyt wol, kin ús maile op soarch@omropfryslan.nl.
"We noemden u de gymleraar", seit Peter Kingma. "Er lagen wel 20 mensen op de IC toen en zo konden we mensen beter uit elkaar houden." Kingma en De Vries fûnen it moai om te sjen dat it no sa goed mei Bekhof giet. Meardere kearen balansearre er op it rantsje fan de dea.
Bekhof kaam nei it MCL mei syn soan Jeroen. "Ik vind het zo mooi dat ik hier nu weer sta en jullie kan bedanken", sei er. "Via jullie doe ik dat voor de hele zorg."