Opnamestop op hertôfdieling sikehûs Snits nei coronabesmettingen

02 maaie 2021 - 21:07

It sikehûs fan Snits hat in opnamestop ynsteld op de hertôfdieling, neidat meardere pasjinten op dy ôfdieling besmet blykten te wêzen mei it coronafirus. Dat meldt it sikehûs.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Yn totaal binne der trije pasjinten besmet mei it firus. It sikehûs freget freonen en famyljeleden fan alle pasjinten op de ôfdieling om de kommende 24 oeren net op besite te kommen.

Alle pasjinten op de ôfdieling binne test. De testen wiene negatyf. Boarne- en kontaktûndersyk hat útwiisd dat der noch in oare pasjint yn kontakt west hat mei de besmette pasjinten. Dizze persoan bliuwt thús yn karantêne.

De measte dokters en oare meiwurkers dy't op de ôfdieling wurke ha, binne no ek al test. Guon dêrfan wachtsje noch op in útslach.

Trefwurden: 
Snits sikehûs coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)