Trainer Hearrenfean nei lykspul tsjin PSV: "Verdomme, er had meer in gezeten"

02 maaie 2021 - 18:32

Trainer Johnny Jansen fan SC Hearrenfean is net hielendal tefreden, nei ôfrin fan de wedstriid tsjin PSV. It einige yn 2-2. "Vooraf teken je hier voor, maar we hadden echt dominant kunnen worden", sei Jansen nei ôfrin.

Johnny Jansen

Hearrenfean kaam betiid yn de wedstriid op foarsprong. "De mogelijkheden om te voetballen waren er echt", seit Jansen. "Ik denk niet dat PSV dit had verwacht. En de Heerenveensupporter ook niet."

Yn de twadde helte kearde it byld. Yn twa minuten foelen trije doelpunten. "Die twee goals geven we gewoon weg. Dat kan natuurlijk niet, dat mag niet gebeuren."

Foto: Orange Pictures

Lucas Woudenberg hie yn de slotfaze in gouden kâns op it winnende doelpunt. De bal bedarre op de goal. Jansen hâldt dêr gjin goed gefoel oan oer. "Ik dacht 'verdomme, er had meer in gezeten'. Maar de manier waarop we het gedaan hebben, daar ben ik heel tevreden over."

PSV hie ek grutte mooglikheden op de winst, erkent Jansen. "Dat klopt. Maar zo voelt het nu. Vorige week speelden we als los zand. En nu was het prima."

Jan Paul van Hecke

Bonuspunt

It lykspul yn Eindhoven fielt as in bonuspunt, seit ferdigener Jan Paul van Hecke. "Uit bij PSV is altijd lastig. Als je een punt haalt, moet je tevreden zijn." De earste helte wie goed, seit er. De twadde helte wie wat minder. "We gaven de goals iets te snel weg. Dat was eigenlijk niet nodig. Maar het gaf wel spektakel!"

It lykspul tsjin de nûmer twa yn de kompetysje fielt net as in oerwinning, seit Van Hecke. "Dan heb je drie punten."

Goeie kânsen

Middenfjilder Lasse Schöne is tevreden. "We kwamen hier niet om te verliezen, en we hebben veel strijd geleverd. Dat is een compliment waard. Ik denk dat iedereen wel vermaakt is vandaag."

Lasse Schöne

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)