Hearrenfean oerlibbet spektakelstik tsjin PSV: trije doelpunten yn twa minuten

02 maaie 2021 - 18:39

SC Hearrenfean hat in punt út it fjoer sleept, yn de wedstriid tsjin PSV. In bonuspunt, seit ferslachjouwer Arjen de Boer. Want it hie samar in ferlerne wedstriid wurde kind. Mei trije doelpunten yn twa minuten wie it in spektakelstik. Einstân: 2-2.

Foto: Orange Pictures

It Volendammer keningsduo Veerman en Veerman wie der net by. Beide mannen koene noch net spylje, neidat se foarige wike posityf test binne op it coronafirus.

Hearrenfean gong fuortendaliks fûl fan start. De Friezen spilen mei fjoer. Yn it earste kertier hiene se al faker op de goal sketten as yn de folsleine wedstriid fan in wike lyn, tsjin PEC Zwolle. Nei in healoere betelle dat út: Hearrenfean kaam op foarsprong, nei in doelpunt fan Tibor Halilovic. Hy dribbele, dribbele, lei de bal klear, en mei in hurd en suver skot skeat er de keeper fan PSV foarby.

Hearrenfean joech net in protte fuort yn Eindhoven, en koe rêstich fuotbalje. It tempo lei leech, mar yn de twadde helte feroare dat. PSV waard fûler, en yn twa minuten foelen der trije doelpunten. Earst skoarde Yorbe Vertessen de lykmakker foar PSV. Direkt dêrnei kaam de thúsploech op foarsprong, nei in doelpunt fan Cody Gakpo. De Friezen lieten har net út it fjild slaan. Binnen 60 sekonden makke Siem de Jong de stân wer lyk: 2-2.

It bleaun spannend oan de lêste minút. Hearrenfean focht foar wat it wurdich wie. Oan beide kanten koene de keepers gjin momint rêst nimme. It wie in flipperkast, dêr't it samar 2-3 wurde koe. Of 3-2. Mar it bleaun 2-2.

PSV - SC Hearrenfean 2-2 (0-1) 34. Halilovic 0-1; 57. Vertessen 1-1; 58. Gapko 2-1; 59. De Jong 2-2.

Opstelling Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Dresevic, Woudenberg, Kaib (69/Bochniewicz), Schöne (90/Dewaele), Kongolo (69/Van Ottele), Halilovic, Van Bergen, De Jong (73/Smit).

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)