Stoflik omskot oantroffen yn Dokkumer Ie tusken Lekkum en Wyns

02 maaie 2021 - 15:46

De plysje hat in deade persoan oantroffen yn de Dokkumer Ie, tusken Lekkum en Wyns. Dat meldt de plysje. Der is noch neat bekend oer de deadsoarsaak. Dêr docht de plysje ûndersyk nei.

Foto: ProNews

De Dokkumer Ie is ticht ter hichte fan Jelsum. Boatsjefarders moatte wachtsje, omfarre is eins net mooglik.

De plysje meldt dat minsken fan de Forinsyske Opspoaring ûndersyk dogge op it plak dêr't it lichem oantroffen is. De identiteit fan it slachtoffer is noch net fêststeld.

Trefwurden: 
plysje Jelsum Dokkumer Ie
(Advertinsje)
(Advertinsje)