Steuring by GGD grutter as tocht: hast gjin nije besmettingen registrearre

Troch in steuring by de GGD binne der gjin betroubere sifers te jaan fan it oantal nije coronabesmettingen fan de ôfrûne 24 oeren. Der binne yn Fryslân 30 nije besmettingen registearre. De ôfrûne wiken wiene dat der eins altyd mear as fiif kear safolle.
© ANP
Sneon waarden der noch 173 nije besmettingen meld. Dat oantal wie doe ek al fertekene troch de steuring. It RIVM hie net tocht dat de steuring sa grut wie, melde in wurdfierder earder op de dei. "De storing is groter dan zaterdag werd voorzien, wat inhoudt dat we ook vandaag een onderpercentage verwachten".
Neffens in wurdfierder fan de Fryske GGD is de steuring yntusken ferholpen. De GGD koe noch net sizze wat der krekt misgien is. De ferwachting is dat der de kommende dagen wer mear besmettingen fûn wurde. Neffens de wurdfierder wiist alles derop dat de pandemy noch net foarby is.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Lanlik binne der by it RIVM 5534 nije coronagefallen registearre. Dat binne der in lytse 300 minder as in dei earder. Troch de steuring by de GGD's binne de lanlike besmettingssifers ek fertekene.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.