Alden en wethâlder oerlizze oer takomst Snitser gymnastykseal

03 maaie 2021 - 08:45

Alden fan de Simon Havingaskoalle yn Snits sille nei de maaiefakânsje om tafel mei wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân om te praten oer de takomst fan de gymnastykseal by de skoalle. De gemeente woe de gymseal slope, mar âlden binne it dêr net mei iens.

Alders Simon Havingaskoalle en wethâlder Mirjam Bakker sille oerlizze oer takomst gymnastykseal

In grutte mearderheid fan de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat de ôfrûne wike mei in spesjale moasje in stokje stutsen foar de sloop op oantrúnjen fan de âlden. Heiten en memmen hawwe in business case skreaun foar in bettere eksploitaasje fan de gymseal.

Mem Joanke Wiersma fynt it skande dat de bern nei de simmerfakânsje mear as in kilometer rinne moatte om yn in oare gymnastykseal te sporten. "Je ferlieze dan twa wike ûnderwiistiid op jierbasis."

Wiersma is der boppedat fan oertsjûge dat de gymnastykseal folle better brûkt wurde kin, ek troch ferienings en bern fan oare skoallen. "De gymnastykseal is net allinnich belangryk foar de skoalle, mar ek foar de mienskip." Neffens de âlden kin de gemeente Súdwest-Fryslân it bêste it behear fan de gymnastykseal oernimme.

De gymnastykseal is net allinnich belangryk foar de skoalle, mar ek foar de mienskip.

Mem Joanke Wiersma

Harkje nei Joanke Wiersma

Fan âlders en gemeenteried mei dizze gymnastykseal yn Snits foarearst net sloopt wurde - Foto: Omrop Fryslân

Neffens wethâlder Mirjam Bakker is de gymnastykseal ôfskreaun en sa bot ferâldere dat gymlessen yn de seal net mear ferantwurde binne. Likegoed stuts de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân in stokje foar de sloopplannen. "As je in gymseal slope, dan binne je him foar altyd kwyt", seit fraksjefoarsitter Douwe Attema fan it CDA.

Attema: "Wy wolle graach in ûndersyk sjen nei de mooglikheden fan de seal. Net allinnich foar gymnastyk, mar ek foar kultuer en foar in doarpshûsfunksje, want soks is der hjir ek net yn dizze hoeke fan Snits."

Sloop útsteld

De gymseal soe al sloopt wurde op 1 augustus. Dat is no útsteld op oantrúnjen fan de âlden en de gemeenteried. "Wij willen ouders de kans geven om er over na te denken of ze gymnastiekzaal ook over kunnen nemen", seit wethâlder Mirjam Bakker. "In Súdwest-Fryslân werken we sinds kort mei het uitgangspunt 'Wy nimme it oer' voor burgers die kans zien om iets beter te doen als de gemeente."

De âlden sizze dat oername fan de seal troch in partikulier lestich is, fanwege it achterstallich ûnderhâld en soene dêrom graach sjen dat de gemeente noed stiet foar behear en ûnderhâld.

Wij willen ouders de kans geven om er over na te denken of ze gymnastiekzaal ook over kunnen nemen.

Wethâlder Mirjam Bakker

Wethâlder Mirjam Bakker

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De gemeente nimt de gymnastykseal op 1 augustus oer fan skoalkoepel Palludara. Wethâlder Bakker freget har noch wol hieltiid ôf oft de gymseal noch wol nedich is yn 'e takomst. "Het aantal basisschoolleerlingen neemt af, ook in Sneek, waardoor gymzalen steeds meer leeg of halfleeg komen te staan. We hebben heel veel gymnastiekzalen in de gemeente. Het wordt echt een uitdaging om die allemaal in de lucht te houden."

De âlden sjogge der oars tsjin oan. Neffens harren soene de bern eins mear oeren gymnastyk krije moatte as no it gefal is. As de gymseal by de skoalle sloopt wurdt, sil dat der noait fan komme, tinkt mem Joanke Wiersma.

Riedslid Douwe Attema fan it CDA

(Advertinsje)
(Advertinsje)