Gemeente Ljouwert wol priis útrikke oan oprommers fan swalkôffal

De gemeente Ljouwert ropt de ynwenners op om swalkôffal op te romjen. It is de bedoeling dat de minsken dêr filmkes fan meitsje en nei de gemeente stjoere. Se kinne dan yn oanmerking komme foar in priis.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Op 21 juny hâldt de gemeente in digitale top oer swalkôffal, mei ferskate sprekkers. Yn it ramt dêrfan wurdt de 'grote zwerfafvalprijs' organisearre en útrikt.
Yn de filmkes kinne dielnimmers sjen litte en fertelle wat se dogge om harren omjouwing skjin te hâlden, wêrom't se it ôffal opromje en oft se it allinnich of mei in groep dogge. Ut alle ynstjoeringen wurde troch in sjuery fiif filmkes selektearre dy't kâns meitsje op de swalkôffalpriis.
De filmkes kinne oant 1 juny ynstjoerd wurde.