Ingelânfarder en fersetsstrider Carel Steensma oerlibbe it konsintraasjekamp

02 maaie 2021 - 13:04

Carel Steensma, berne yn Frjentsjer, hat in bysûnder libbensferhaal: hy is gefjochtsfleaner yn de maaiedagen fan 1940, wurdt besketten mar wit út te naaien en bedarret al hiel betiid yn it ferset. As er ûnderdûke moat, besiket er nei Ingelân te flechtsjen om dêr as piloat tsjin de Dútsers te fjochtsjen. Op syn flecht wurdt er besketten en rekket er ferwûne oan syn skonk. Hy wurdt finzen nommen en úteinlik op transport steld nei it ferneatigingskamp Natzweiler. Dêr is - sûnder ferdôving - syn slim ferwûne skonk amputearre.

Carel Steensma - Foto: Famylje Steensma

It oarlochsferhaal fan Steensma begjint yn de maaiedagen fan 1940. Hy is piloat by de KLM en meldt him as militêr fleaner. By in aksje by fleanfjild Waalhaven sjit er Dútske fleantugen del, mar hy wurdt sels ek rekke. Hy wit wer op Schiphol werom te kommen en giet yn it ferset. Yn Rotterdam spilet er ynformaasje oer Dútske skippen yn de haven troch oan de Ingelsken. De Dútsers komme der achter en hy dûkt ûnder yn Utrecht.

Militêr fleaner Carel Steensma - Foto: Famylje Steensma

Mei noch twa oaren besiket er mei in motorboatsje nei Ingelân te flechtsjen. Dat mislearret: se wurde ûntdutsen en besketten. Carel Steensma rekket slim ferwûne oan de skonk en wurdt earst nei it finzenissikehûs brocht en letter nei de finzenis.

Hy wurdt ta de dea feroardiele, mar wûnder boppe wûnder wurdt er net ophelle om deasketten te wurden. De Dútsers wolle net in kûgel ferdwaan oan him omdat er troch syn ferwûne skonk dochs net lang mear libje sil, ferwachtsje se. Yn stee fan de kûgel wurdt er oerbrocht nei kamp Amersfoort en dan nei Natzweiler, in konsintraasjekamp yn de Frânske Vogezen.

'Nacht und Nebellager' Natzweiler

Yn dit ferneatigingskamp leart er oare kampfinzenen kennen. Dêr binne in soad heger oplate minsken by: professoaren, skriuwers, filosofen en in Belgyske sjirurch. Dy seit tsjin him dat syn ferwûne skonk amputearre wurde moat, omdat er it oars net oerlibje sil. Under primitive omstannichheden fynt de operaasje plak: der is gjin ferdôving en folslein by bewust wêzen wurdt syn skonk ôfsetten troch de Belgyske sjirurch.

Nei de operaasje is Carel Steensma slim siik, ûnder oaren troch it bloedferlies. Hy libbet wol en wurdt fersoarge troch syn kammeraten yn it kamp. As de Amerikanen tichterby komme, wurdt it kamp ûntromme. Steensma wurdt troch de Dútsers yn in deadewagon lein, omdat de ferwachting is dat er ferstjerre sil by de reis nei Dachau.

Mar nei trije dagen en twa nachten yn de trein wurdt er foar dea út de trein op de grûn dellein. In oare kampfinzene sjocht dat er noch libbet en leit syn jas oer him hinne. Se soargje derfoar dat hy yn ien fan de barakken komt en dêr bliuwt er yn libben oant Dachau befrijd wurdt.

'De bus uit Dachau'

De Nederlânske kampfinzenen wachtsje dan op help út Nederlân, mar dy komt net. Mei achttjin minsken regelje se sels mar in bus en ride se werom nei Nederlân. Hjir is in boek oer skreaun: De bus uit Dachau. Steensma komt werom by syn frou en giet al gau wer oan it wurk by de KLM. Letter sil er noch ûnderdirekteur fan de KLM wurde. Hy praat yn dy tiid net oer wat er meimakke hat yn de oarloch.

As er âlder is, komme de ferhalen wol en syn libbensferhaal wurdt troch in biograaf optekene. Ek soan Frank Steensma beskriuwt de oarlochsjierren fan syn heit yn in boek dat de titel Vrolijk pasen 1942 krigen hat.

Frank Steensma mei it boek dat er skreau oer de oarlochsjierren fan syn heit - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Carel Steensma hat in soad ûnderskiedingen krigen, ûnder oare it 'Bronzen Kruis', ien fan de heechste militêre ûnderskiedingen yn ús lân. Hy ferstoar op 94-jierrige leeftiid yn 2006.

4 maaie betinking

Frank Steensma sil fertelle oer syn heit op de 4 maaie betinking yn Frjentsjer.

Harkje hjir nei de dokumintêre sa't dy snein útstjoerd is yn Buro de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)