Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra flagget heale finale Champions League

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp flagget tiisdeitejûn de heale finale fan de Champions League tusken Manchester City en Paris Saint-Germain. Björn Kuipers is troch de UEFA oansteld as skiedsrjochter foar it duel. Zeinstra en Sander van Roekel binne op it fjild de fêste assistinten fan Kuipers.
Erwin Zeinstra © Orange Pictures
It giet om in return-wedstriid tusken de Britske en Frânske klup, dy't spile wurdt yn it Etihad Stadium fan Manchester City. De Ingelsen wûnen ferline wike yn Parys mei 2-1 fan Paris Saint-Germain.