Sjinkie Knegt betanket Martini Ziekenhuis yn Grins mei skilderij

02 maaie 2021 - 11:43

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat it Grinzer Martini Ziekenhuis mei in skilderij betanke foar de goede soargen dy't er dêr krigen hat. Knegt lei goed twa jier lyn sân wiken yn it sikehûs mei slimme brânwûnen, nei in ûngelok mei it oanstekken fan syn houtkachel.

Foto: Triple P Entertainment

Yn Grins moast Knegt in hûdtransplantaasje ûndergean. De Bantegeaster is yntusken wer folslein better. Ferline jier makke er yn febrewaris syn rentree by de World Cup Finals yn Dordrecht, sa'n fjouwerhûndert dagen nei it ûngelok. Hy is him no oan it tarieden op de Olympyske Winterspelen fan 2022 yn Peking.

It skilderij dat er it sikehûspersoaniel oanbean hat, makke er mei keunstner Michel Velt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)