Ien supporter fan Hearrenfean en fjouwer oare hichtepunten fan de huldiging fan Cambuur

02 maaie 2021 - 15:44

Yn fiif koarte fideo's sjogge we noch ien kear werom op de helikopterhuldiging fan SC Cambuur. Der wiene spilers dy't leaver de loft net yn woene, mar oaren stiene te springen. En dat mocht eins net. Foardat se de helikopter yn koene, wie der eins mar ien belangrike fraach: Wa mei der foaryn sitte?

Neist de piloat is noch mar ien stoel beskikber. Hoe bepale je no wa't foaryn sitte mei? 

Omdat SC Cambuur kampioen wurden is fan de earste difyzje, waarden spilers en stêf dit wykein mei helikopters oer Ljouwert flein. Wylst de spilers har klearmakken om de loft yn te gean, koene de fans op de grûn mei flaggen en oare fersiersels witte litte dat se foar Cambuur wiene. Rûnom yn de stêd wiene de kleuren giel-blau te sjen. Mar net oeral wie dat like oprjocht...

Net alle supporters binne Cambuurfan

Foardat der ek mar ien in helikopter yn mocht, wie der in wiidweidige ynstruksje. Oer de wjukken, en dat dy net opholden te draaien as de helikopter wer oan de grûn stean soe, dus springe wie ferbean. Oer it lawaai ûnderweis, en dat it hiel lûd is, sadat je in koptelefoan op moasten as je net dôf wurde woene.

En oer dy koptelefoan, mei in mikrofoan deryn: wa't himsels net hearde op dy koptelefoan, wie foar de oaren ek net te ferstean. Trainer Henk de Jong hie gau yn de gaten dat dy mikrofoan noch hielendal net sa maklik te finen wie...

Wêr sit dy mikrofoan no presys, Henk?

Net alle spilers stiene te springen, doe't se hearden dat se oer de stêd fleane soene. Guon binne oan de grûn bleaun. Se doarden net. Topskoarer Robert Mühren bygelyks. Issa Kallon. Robin Maulun. David Sambissa. En der wie noch ien dy't net mei woe.

Dizze topper is 'een held op het veld' mar doart de hely net yn

De Cambuurmannen dy't wol mei wiene, fûnen it geweldich. Al wie der soms wol wat oan te merken op de piloaten. Net op de fleankeunsten, it wie bytiden krekt in achtbaan, seit oanfierder Erik Schouten. Mar der wie wol wat oars...

Wa wie de bangste?

In langere kompilaasje fan de helyhuldiging fan SC Cambuur is hjir te sjen.

Mear nijs oer SC Cambuur is te finen op ús dossierside oer Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)