Plysje fynt kwekerij mei 1000 himpplanten op binnenfeartskip

02 maaie 2021 - 12:30

Yn in binnenfeartskip by Spannenburch hat de plysje in himpkwekerij fûn. Yn de laadromte fan it skip stiene mear as tûzen planten. Dat meldt de plysje. It skip is yn beslach naam.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

Foar safier't bekend is, is it foar it earst dat der yn Fryslân in himpplantaazje op in skip oantroffen is. Yn Brabân binne earder wol skippen mei wytplantaazjes oantroffen.

It skip dat op it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch lei, is fûn neidat plysjes in melding krigen hiene fan 'in ûngewoane sitewaasje'. Plysjeminsken ha oerenlang dwaande west de plantaazje op te romjen. Freed binne se dêrmei begûn. Sneontemoarn ier en betiid wie it pas klear.

'Profesjoneel' en 'kreas'

Neffens in wurdfierder fan de plysje seach de kwekerij der 'profesjoneel' út. Se neamt it skip 'kreas', en it tal planten 'behoarlik grut'. Se stiene yn de laadromte fan it skip, yn meardere romtes.

Plysjes stapten oan board fan it skip, neidat der in melding kaam wie oer in 'ûngewoane sitewaasje' oan board. De wurdfierder wol dêr fierder net in soad oer kwyt. "Een aantal indicatoren viel op. Daar laat ik het bij."

De plysje meldt dat der gjin minsken oantroffen binne op it skip. It ûndersyk nei de eigener en eventuele oare minsken dy't belutsen wêze soene by de kwekerij rint noch. Der is net ien oanholden, mar de plysjewurdfierder slút net út dat dat op koarte termyn oars wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)