Earste iepenloftspul fan start yn Ryptsjerk: "Ik loop te juichen"

01 maaie 2021 - 16:46

Foar de organisaasje is it dúdlik: It iepenloftspul yn Ryptsjerk moat hoe dan ek troch gean. De foarstelling stiet foar septimber op de planning en sneon wie de offisjele start fan de repetysjes.

Earste iepenloftspul offisjeel fan start

In soad oare iepenloftspullen gean net troch of wurde ferskood nei takom jier. Yn Ryptsjerk doarre sy it wol oan. Regisseur Hans van Buuren is út de skroeven dat is spul los gean kin. "Ja dat is geweldig, ik droom hier nu al van!"

Yn 2018 is it plan foar de foarstelling al betocht. Ferline jier soe it stik yn premjêre gean, mar troch corona koe dat net trochgean. It is efkes ôfwachtsje oft de foarstellings yn septimber wol starte sille, mar de organisaasje en akteurs bliuwe posityf. "We sille in soad oefenje en ik gean der wol fan út dat it troch giet", seit akteur Jelle Schreuder. It is de earste kear dat hy oan sa'n stik meidocht. Hy hat der in protte nocht oan. "It is wol spannend, mar it is wol hiel leuk om te dwaan."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It stik spilet him ôf yn in maisfjild. As start fan de repetysjes giet sneon symboalysk it earste sie de grûn yn. Yn septimber moat it fjild hielendal fol stean mei maisplanten fan mear as twa meter. Dat foarmet it dekôr fan de foarstelling. "In de vroegere tijden was het vrij gewoon dat de boeren wanneer het land werd ingezaaid allerlei rituelen voor hadden. Wij hebben zo'n ritueel gevonden waarin de sjamanen van ons maisvolk de aarde wakker maken om daar te zorgen voor een goede oogst", fertelt van Buuren.

Hy kin net wachtsje oant de maisplanten der stean. "Je hebt een fantasie van een maisveld inzaaien en er gaat natuurlijk van alles in gebeuren. Dat is de magie van die voorstelling , dus dat maakt mij razend enthousiast. Ik droom hier nu al van. Voor mij is het al begonnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)