Cambuur Sjoernaal: Einliks wer fans by in thúswedstriid

It fielde suver wer in bytsje âlderwetsk yn it Cambuur Stadion freedtejûn. By de thúswedstriid tsjin De Graafschap mocht der foar it earst sûnt sân moannen wer publyk nei binnen en dus sieten der sa'n 2.400 taskôgers by it duel. Dy seagen dat beide teams inoar yn lykwicht hâlden: 1-1. In resultaat dêr't sawol SC Cambuur as De Graafschap mei libje kin.