173 coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

01 maaie 2021 - 15:28

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 173 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. Dat binne der 23 mear as freed, want doe gie it om 150. Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 179 besmettingen fêststeld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

It tal besmettings fan sneon is fertekene, sa seit it RIVM. Troch in steuring yn it ict-systeem fan de GGD'en is it wiere tal besmettings oars, al is net dúdlik hoe grut it ferskil is. De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (32) Súdwest-Fryslân (30) , de twa grutste gemeenten fan ús provinsje. Dêrnei folgje Smellingerlân en De Fryske Marren mei elk 14 nije fêststelde coronagefallen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wienen wol trije nije sikehûsopnamen yn ús provinsje, dat giet om ynwenners fan gemeenten Harns, Achtkarspelen en Waadhoeke.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne 5.836 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it yn de ôfrûne wike 7.027 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)