Utstel nije ferrommingen 'mokerslach' foar Ljouwerter dieretún AquaZoo

01 maaie 2021 - 14:39

Sportskoallen en attraksjeparken bliuwe op 11 maaie noch ticht. De nije ferrommingen dy't op de planning stiene, wurde útsteld. Dat stelt it demisjonêre kabinet yn in koarte skriftlike ferklearing. It is in grutte teloarstelling foar dierepark AquaZoo by Ljouwert. Bistetunen, pretparken en sportskoallen kinne op syn betiidst op 18 maaie iepen.

'Mokerslach' foar Ljouwerter dieretún AquaZoo

De druk op de ic's en de besetting fan de sikehuzen is te heech en de delgong yn it tal coronabesmettings is noch net sichtber genôch om in folgjende stap yn it iepeningsplan te setten, skriuwt it kabinet.

De Nederlandse Vereniging van Dierentuinen is bot teloarsteld troch it beslút. Aquazoo sprekt fan in 'mokerslach'. De dieretún wie der al hielendal klear foar om yn de maaiefakânsje wer besikers te ûntfangen. "Helaas gaat het 11 mei niet gebeuren", seit direkteur Jeroen Loomeijer. "En een nieuwe datum is volgens mij nog niet genoemd. Het is een hard gelag."

Foto: Omrop Fryslân

Loomeijer hat begryp foar de reden wêrom't de ferrommingen útsteld binne, mar fynt it wol soer dat se noch net iepen kinne om't se der alles oan dien ha om coronaproof te wêzen. Dat AquaZoo yn natuergebiet de Griene Stjer by Ljouwert leit, makket it ekstra wrang.

"Als het mooi weer is wordt daar volop gerecreëerd door alles en iedereen. Fantastisch. Ik ben net zelf vanochtend even in een tuincentrum geweest. Daar staat het parkeerterrein gewoon vol. Dat maakt het wel heel zuur voor ons", fersuchtet Loomeijer. "Dan kijk je naar buiten en zie je het leeggelopen springkussen. Dan weet je dat je de meivakantie kwijt bent, de tweede week meivakantie ben je kwijt. Ook financieel heeft dat natuurlijk wel consequenties en we zullen er hard mee bezig moeten om te kijken hoe we dat in gaan vullen."

Direkteur Jeroen Loomeijer fan AquaZoo

(Advertinsje)
(Advertinsje)