Plysje Ljouwert grypt yn by Cambuur-fiering: "Absoluut onacceptabel"

01 maaie 2021 - 18:23

By de helikopterhuldiging fan Cambuur hat de plysje yngrepen op it Saailân yn it sintrum fan Ljouwert. De hurde kearn fan supporters fan de fuotbalklup hie him op it plein sammele. Neffens boargemaster Sybrand Buma wie de sitewaasje "absoluut onacceptabel" en koe de plysje net oars as yngripe.

Plysje grypt yn op Saailân

De plysje hat it plein ûntromme. By it yngripen waard mei stiennen, stuollen en fakkels smiten. In plysje rekke ferwûne oan de holle en is oerbrocht nei it sikehûs.

Der kaam ynformaasje dat der in grut feest organisearre waard, seit Buma. "Bij de politie kwam het bericht binnen dat er een illegaal feest zou ontstaan bij het Kalverdijkje, daar kwam ook de informatie bij dat mogelijk de harde kern van De Graafschap naar Leeuwarden zou komen en dat er muziek zou komen, en dat dus een onacceptabel feest zou worden."

Eskalaasje

Dêrom waard besletten yn te gripen. "De politie heeft aangegeven dat het niet geaccepteerd zou worden. Daarop is men naar het centrum getrokken, wat ook niet kon. Het was gewoon een dag van winkelend publiek", seit Buma. "Heel snel is men in een escalatiemodus gekomen van stenen gooien richting de politie, dat is totaal onacceptabel, dus de politie kon niet anders dan ingrijpen."

Neffens guon tsjûgen soe it yngripen fan de plysje just foar eskalaasje soarge ha, mar de boargemaster wol dêr neat fan ha. "Dat verhaal ken ik uit het verleden ook wel. Maar de politie deed wat ze moest doen: duidelijk maken dat je met deze groep niet zomaar het centrum in met de bedoeling daar een feestje te bouwen."

"Smet op het blazoen"

Der is sneontemiddei ien persoan oanhâlden, mar Buma slút net út dat der mear oanhâldings folgje sille. "Er zijn meer mensen die stenen hebben gegooid. Dus zal er verder gekeken worden of meer mensen kunnen worden aangehouden."

Buma is fierder goed te sprekken oer de huldiging en fynt de sitewaasje op it Saailân in "smet op het blazoen" fan in fierder moai feest. "Ik begrijp werkelijk niet wat deze mensen bezielt. Natuurlijk mag je je vanaf de grond laten zien aan die spelers, dat was de bedoeling ook. Er was alle gelegenheid om iets moois te doen. Een groepje van waarschijnlijk minder dan 100 mensen vindt dat het anders moet en dan kan niet."

Freedtejûn hie de plysje ek al optreden op it plein foar it Cambuur Stadion.

Boargemaster Sybrand Buma

Foto: André Minkema

De spilers en stêf fan Cambuur fleagen sneon yn in helikopter oer de stêd as alternative huldiging foar it kampioenskip yn de Keuken Kampioen Divisie. In kompilaasje fan dy huldiging is hjir werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)