Flylân ferkeapet âlde ANWB-poddestuollen foar nije wetterrûte

01 maaie 2021 - 11:54

De âlde ANWB-poddestuollen dy't earder it paad wiisden op Flylân wurde by opbod ferkocht. It giet om njoggentjin eksimplaren, dy't oerstallich wurden binne no't de gemeente nije paadwizers oanbrocht hat.

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De opbringst fan de ferkeap is bedoeld foar de oanlis fan in nije rûte op Flylân, dy't kuierjend, dravend of op de fyts ôflein wurde kin. Dy ynteraktive rûte mei de namme Waterroute Vlieland folget de wetterkringloop fan it eilân.

De feiling, dy't online hâlden wurdt, begjint op 1 juny en duorret twa wiken. Earder waarden ek de âlde ANWB-poddestuollen op Skylge ferkocht. Dat smiet in bedrach fan sa'n 30.000 euro op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)