Fryske VVD-foarsitter: "De rebûlje yn Den Haag is net goed foar ús polityk oansjen"

Foarsitter Zwany van Brussel fan VVD Fryslân is net wiis mei de politike opskuor yn Den Haag oer de sletten bestjoerskultuer, it tekoart oan betrouwen en de ympasse yn de formaasje. "Wat der lanlik bart, dêr hawwe je regionaal ek mei te krijen. It is saak dat it betrouwen weromkomt."
Wantrouwen yn de lanlike polityk wurket ek regionaal troch, seit Van Brussel:
"Wat der de ôfrûne moannen bard is, dat is net goed foar it oansjen fan de polityk," seit Van Brussel. It docht bliken dat premier Rutte en it kabinet muoite hiene mei krityske koälysje-Keamerleden. Opmerkingen oer it 'sensibiliseren' fan CDA-Keamerlid Pieter Omtzigt skeaten by in soad minsken yn it ferkearde kielsgat.

Wurkje oan bestjoerskultuer

It gie lykwols oer in wichtich ûnderwerp: de taslagge-affêre, dêr't tûzenen âlden troch dupearre binne. Yn de Twadde Keamer waard tongersdei debattearre oer de bestjoerskultuer. "Der is erkend dat der flaters makke binne en dat de bestjoerskultuer oars moat. Ik hoopje dat dêr wol oan wurke wurdt," seit Van Brussel.
Van Brussel fynt lykwols ek dat de Haachske polityk foarútsjen moat. "It is wichtich dat it betrouwen ûnderling, mar ek foaral dat it betrouwen by de ynwenners weromkomt."
Ik tink dat hy troch kin. Ik tink dat Rutte it betrouwen werombringe kin.
VVD-foarsitter Zwany van Brussel, oer har partijlieder Mark Rutte
Van Brussel keart har lanlike lieder dochs net de rêch ta. "Ik tink dat hy troch kin. Ik tink dat Rutte it betrouwen werombringe kin. Der binne yntusken mear partijen ûnderdiel fan it probleem. Dat docht ek bliken út it ferslach fan ynformateur Tjeenk Willink. Ek oare partijen spilen in rol." Van Brussel wiist op it CDA en D66. Ut notulen fan it kabinet docht bliken dat sy ek net goed mei krityske Keamerleden oerwei koene.
De Fryske VVD-foarsitter bliuwt yn folle oertsjûging efter har partijlieder stean, seit sy. "Dat jildt foar alle leden fan de VVD. As der ien goed in kabinet liedingjaan kin, dan is hy it wol."
As it mei Rutte net helber is, moatte dêr de konsekwinsjes ek út lutsen wurde, seit Van Brussel:
Neffens opinymakkers lit Rutte in grut gat efter him as er syn posysje as partijlieder ferlitte soe. De fraach is oft hy troch syn oanbliuwen jong polityk talint wol de kâns jout om troch te groeien.

Sykje nei polityk talint

Koartlyn makke de 23-jierrige Habtamu de Hoop foar de PvdA in soad yndruk yn de Twadde Keamer mei syn earste taspraak. Op de fraach oft der hjir by de VVD in 'Habtamu' yn de hege hoed sit, moat Van Brussel erkenne: "No noch net. Mar dat sille jimme fansels sjen."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema eltse wike mei in gast de aktuele tema's yn de polityk. Ditkear siet VVD-foarsitter Zwany van Brussel oan tafel. Sjoch hjir de folsleine útstjoering.
Wat de regionale en lokale polityk oanbelanget, fynt Van Brussel dat de ferhâldingen better kinne. It is in lanlik byld: in fiifde part fan de Steateleden jout oan net werom te kommen nei harren perioade yn Provinsjale Steaten. De wurkdruk is te heech en de fertsjinsten binne te leech.
Dit wurdt ûnderskreaun troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dy ferklearre dat de 700 euro de moanne oan kompensaasje 'net iens genôch is foar ien mei in reguliere baan.' Ek de tiidsbesteging is net yn ferhâlding, neffens Brok nûget it net út om Steatelid te wurden.

"Der moat sjoen wurde nei de fertsjinsten"

Dat safolle earder ophâlde, is net goed, fynt Van Brussel. "Steateleden bouwe in soad kennis op, it is net goed as soks ferdwynt."
It makket it dreger om nije minsken te winnen foar de partijlist. "Motivaasje is it meast wichtich. Mar dêrnjonken moat der ek in fergoeding foaroer stean dy't kloppet. As de fertsjinsten in reden binne dat minsken opstappe, dan moat dêr nei sjoen wurde."
Idealisme moat wol út kinne, seit Van Brussel:
Ut dy ûnderfining wei besiket Van Brussel as foarsitter nij talint te winnen. Dêr is in scoutingskommisje foar opset, dy't petearen hâldt oer de ambysjes. "Want de tiidsbesteging is grut en wy wolle wol dat sy it folhâlde."

Steaten lûke wol mear as gemeente

Ek de gemeentlike polityk is hurd wurkjen. Sels siet Van Brussel ea yn de ried fan Hearrenfean. "Ik fûn it leuk, mar it naam wol in soad tiid. Ik wie doedestiids hast alle jûnen en wykeinen beset. Ik wurke ek noch gewoan, myn frije tiid gie hjiroan op."
Van Brussel merkt dochs op dat der mear ynteresse is foar Provinsjale Steaten as foar de gemeenteried. "De gemeenteried stiet ticht by de ynwenners, de Steaten binne eins abstrakter. Mar dochs hawwe wy jongelju dêr't de Steaten foar lûke."