Kollum: "Dy smoarge wielersport"

"Sport is in wichtige bysaak yn it libben fan in soad minsken. Je hawwe guon dy't der aardich normaal mei omgean, oaren slaan dêr wolris wat yn troch. Ik hear by dy lêste groep. Sport is by my net sa as by it gros fan de Nederlanners fuotbal en reedriden, mar folle breder.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Sa mei ik stomme graach fjouwer dagen oanienwei troch nei in cricketwedstriid sjen. Geweldige sport dy't mondiaal mega grut is, mar net yn Nederlân. En dus stiet de media der ek net foar iepen. Wy binne in oerkonservatyf folkje op it mêd fan sport.
Ien fan de yn Nederlân wol akseptearre sporten is it hurdfytsen. Sels mei ik ek graach nei fytsen sjen. Net op de Nederlânske telefyzje, mar op de Belgyske. Dêr is hurdfytsen in religy. It makket neat út hoe en wat, as der earne in peloton op de fyts stapt, stjoere de Belgen it live út. Oer it smeue kommentaar fan Jose de Cauwer en Michel Wuyts kinne jo in boek skriuwe, se lulle sa fjouwer oeren fol mei de meast prachtige anekdoaten.
De bylden fan de helikopters by de Tour de France binne ideaal foar in waarme simmermiddei. It iene kastiel nei de oare katedraal komt foarby. Ik haw Hennie Kuiper yn 1983 stean sjoen yn de finale fan Parijs-Roubaix doe't er lek ried en wanhopich stie te wachtsjen op in nije fyts, de sprint fan Peter Winnen tsjin Jean-René Bernaudeau op de Alpe d'Huez, ek yn 1983. Van der Poel senior dy't yn 1988 La Doyenne op syn namme skreau, de ferhalen binne legio.
Mar eins, as wy earlik binne, is it hurdfytsen gewoan in korrupt spultsje mei aaklike trekjes. De sport is sa lang as ik it folgje in bearput fan medyske skandalen en doping. Grut foarbyld is fansels Lance Armstrong. Mar eins fyn ik dy doping noch net iens it slimste.
Nederlanners meie graach sjen litte hoe goed, skjin en geweldich oft sy oeral yn binne, dus is de leafde foar it hurdfytsen best wol in aparte kombinaasje. Ien aspekt fan dy hurdfytserij hat my altyd al echt tsjinstien. It hiele sirkus is ien lange sliert fan miljeubarbaren. Ik wit dat no de wielerleafhawwers de nekhierren oerein stean gean, mar dat makket my neat út.
Al sûnt ik in jonkje wie, fûn ik it skandalich dat dy atleten alles mar yn de berm soademiterje. Tsjintwurdich skynt dêr in bytsje tafersjoch op te wêzen, mar folgje in trochsneed koers mar. Eartiids wie it hielendal freeslik, der binne yn de rin fan de jierren frachtweinen fol bidons, plastic ferpakkingen en oare rotsoai yn de natuer dondere. Tsjintwurdich fleane de lege gelferpakkingen witwêrsanne. It mei miskien net en de puristen sille graach in eachje tichtknipe, mar it bart noch altyd.
Yn de bergen: hupsakee, oer de râne it ravyn yn. Op it flakke: yn de sleat of de groppe neist de dyk. Jim hawwe it allegearre wol hûndert kear sjoen, sis no net dat dat net sa is. Op plakken dêr't taskôgers steane is sa'n bidon yndied in trofee dy't noch jierren brûkt wurdt, mar sa lang as ik nei hurdfytsen sjoch is it measte weiwurden yn de natuer. It peloton hat him jierren as in ridend Vondelpark manifestearre. It is pas sûnt koart dat der überhaupt oer praat wurde mei, sa liket it. Dat is in goede ûntwikkeling.
Der is noch wat dat spitich is, nammentlik dat Mathieu van der Poel de mountainbike wichtiger fynt as de Olympyske wedstriid op de ferhurde wei. Der is yn it hurdfytsen ommers hast neat moaiers om nei te sjen as fiif Belgen dy't kânsleas efter ien Van der Poel oan ploeterje, mei live kommentaar fan Wuyts en De Cauwer der by."