Hoe sjocht de helikopterhuldiging fan SC Cambuur der sneon út?

It kampioenskip is al binnen foar SC Cambuur, mar it echte kampioensfeest moat noch fierd wurde. In tradisjonele huldiging is net mooglik fanwege it coronafirus, dêrom sille de spilers en stêf fan Cambuur sneontemiddei in helikopterflecht meitsje oer Ljouwert. Supporters kinne de kampioenen dan fan de grûn ôf in groet bringe.
© Orange Pictures
Der sille sa'n tritich man fan Cambuur yn de helikopters plaknimme. Om't net de folsleine groep yn ien kear de loft yn kin, wurde der trije groepen makke.
De earste groep set om likernôch 13.00 oere yn twa helikopters fan de fleanbasis yn Ljouwert ôf. Der wurdt in rûntsje fan likernôch tweintich minuten oer Ljouwert makke op sa'n 300 meter hichte. As de earste groep werom is, giet de twadde groep fuort. Dêrnei is de tredde groep oan bar.
In presize rûte fan de flechten is der net. De helikopters dogge alle stedswiken oan en sille mooglik ek by wat doarpen delgean.

'Dit maak je nooit meer mee'

Net elkenien by Cambuur stie te springen om mei te gean mei de huldiging. "Ik doch it wol!", seit trainer Henk de Jong. "Dat is in kadootsje fan de gemeente en de boargemaster. Ik fyn dat wol moai."
Fan de spilers is wis dat Calvin Mac-Intosch it yn alle gefallen net oandoart, mar der binne noch wol mear. Middenfjilder Michael Breij giet wol. "Ik vertelde het tegen mijn ouders en ik zei: 'Ik ga het niet doen'. Zij zeiden: 'Mikey, dit maak je nooit meer mee!', dus toen heb ik toch maar ja gezegd. Ik ben niet zo dapper met hoogtes en vliegen vind ik helemaal niets. Maar als we dit voor de supporters kunnen doen, dan ga ik dat maar doen."

Giel-blau

De gemeente Ljouwert en Cambuur hoopje dat de stêd sneon tusken 13.00 en 14.00 oere giel-blau kleurret. De klup hat foar de moaist fersierde strjitte in priis: in Cambuur-clinic yn de strjitte en in meet & greet mei twa seleksjespilers.
It heechste gebou fan Fryslân, de Achmea-toer, docht yn alle gefallen mei oan de huldiging. Dêr is troch de meiwurkers fan soarchfersekerder De Friesland in grut felisitaasjespandoek ophongen op de panorama-etaazje fan it gebou.

Te sjen by de Omrop

De helikopterflecht sil sneon tusken 13.00 oere en 14.00 oere te folgjen wêze by Omrop Fryslân op radio en telefyzje.
Omrop Fryslân is tige nijsgjirrich nei hoe't de supporters fan Cambuur de huldiging fiere sille. Stiesto sneon yn de tún mei de flagge te swaaien of hasto in oare moaie aksje, grut of lyts, dan hearre wy it graach! Mail nei: sport@omropfryslan.nl.