Boer De Wolff jout de hoop op greidefûgels op: "Oer twa jier is der neat mear"

01 maaie 2021 - 07:39

Fyftich jier lyn siet syn lân fol mei greidefûgels, mar no is der hast gjin fûgel mear te bekennen. Boer Titus de Wolff fan Flânsum hat grutte noed oer it bestean fan de greidefûgels, sa as skriezen, ljippen en tjirken. In oplossing is der net, seit er.

Titus de Wolff - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De Wolff wennet al 74 jier op de pleats yn Flânsum, by Raerd. "Hjir siet it eartiids hielendal fol mei fûgels", fertelt er, wylst er ús meinimt troch syn lân. "Mar hjir binne gjin fûgels mear. Sjochst ek neat fleanen."

Deade skries

Dizze wike fûn De Wolff in deade skries yn ien fan de lêste nestkes dy't noch op syn lân te finen wiene. In foks hat de fûgel te pakken krigen. "Dat wie myn lêste skries. Dy foksen wreidzje har sa bot út, je kinne der neat mear oan dwaan", seit er.

Op syn lân hat hy in pear buizen om foksen te fangen. Dy lizze dêr al acht jier, mar pas sûnt in pear jier fangt hy ek echt foksen. "Twa jier lyn hie ik de earste, en no yn totaal al twa. Wylst der noch ien omrint, want dy hat krekt de lêste skries pakt."

In deade skries - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It docht him sear dat de fûgels der hast net mear binne. "It wie it moaie fan eartiids, der wie fan alles wat. It wie yn ferhâlding, yn lykwicht. Dat is no net mear." It ferskil mei eartiids it grut. "Us pake moast altyd twahûndert ljipaaien leverje. Dy helle hy gewoan fan syn lân, sa folle greidefûgels sieten hjir."

In oplossing is der net, seit De Wolff. "Minsken wolle dat net. Sy begripe it ek net. Dit is gewoan útroeierij." Hy soe graach wolle dat der in bettere ferdieling komt tusken de fûgels en de foksen. Mar dat is dreech, want der komme hieltyd mear foksen by.

Hy hat de hoop opjûn. "Dit wie no myn ôfskied. Dy foks fret hjir de skries de kop derôf en dan rint hy fierder nei de folgjende skries. Dat is noch twa jier of sa, dan is der neat mear."

Boer Titus de Wolff

(Advertinsje)
(Advertinsje)