Grut fraachteken efter Veerman-duo foar duel SC Hearrenfean tsjin PSV

30 apr 2021 - 19:52

It is noch ûnwis oft Joey Veerman der snein tsjin PSV by is en ek efter de namme fan Henk Veerman stiet in grut fraachteken. Beiden binne noch net folslein opknapt fan it coronafirus. Ferline wike tsjin PEC Zwolle (0-2 ferlies) dienen de Volendammers ek al net mei. Henk Veerman is mei 14 doelpunten kluptopskoarer, wylst Joey Veerman mei 7 doelpunten en 9 assists dit seizoen ek fan grutte wearde is.

Johnny Jansen PSVHEE Training

"Ik weet het eerlijk gezegd nog niet", seit Johnny Jansen mei it parsemomint op freedtemiddei. "Ze zijn vandaag allebei getest en we wachten de uitslag af of ze erbij kunnen zijn. Ze hebben individueel getraind en eigenlijk zeggen ze beiden dat het goed gaat. Ze voelen zich oké, maar er is maar één ding dat telt, zijn ze negatief."

Mooglik misse

Yn 'e oanrin nei de konfrontaasje tsjin PSV hâldt Jansen der rekken mei dat hy syn spulmakker en syn topskoarer misse moat. "We hebben vandaag getraind en hebben het zo neergezet zoals we denken dat we het zondag moeten gaan doen. En daar stonden ze niet in. Maar mocht Henk en Joey negatief zijn, dan gaan we in overleg om te kijken hoe fit ze zijn en of ze kunnen starten."

Jansen: "Iedereen is te vervangen en dat geldt ook voor hen, maar ze zijn dit jaar gewoon erg belangrijk voor ons. In het begin van de competitie veranderde bijna alles wat ze aanraakten in goud. Ze hebben ook wel een minder fase gehad, maar beiden hebben zulke specifieke kwaliteiten, ze blijven voor ons gewoon enorm belangrijk."

Henk en Joey Veerman - Foto: Orange Pictures

We spelen nog vier wedstrijden, ik denk dat we negen punten nodig hebben om dat te halen. En ik denk dat dat kan!"

Johnny Jansen oer playoffs Europeesk fuotbal

Soad konkurrinsje foar 'plak acht'

De wedstriid tsjin PSV is foar Hearrenfean fan grut belang yn 'e striid om plak acht, it plak dat rjocht jout oan dielname playoffs Europeesk fuotbal. It tal klups dat noch yn 'e race is foar plak acht, is yntusken útrûn nei seis. Neist SC Hearrenfean binne dat Heracles, FC Twente, Sparta, Fortuna Sittard en PEC Zwolle. Heracles stiet der fan dit seistal it bêste foar, de Almeloërs hawwe minimaal twa punten foarsprong op de konkurrinsje.

SC Hearrenfean hat noch in swier programma foar de boech mei twa útwedstriden (PSV en FC Emmen) en twa thúswedstriden (FC Utrecht en Sparta).

Mei dêrom kaam it ferlies tsjin PEC Zwolle ferline wike ek sa hurd oan. Johnny Jansen. "Daar is over gesproken en vanuit de groep kwam naar voren dat we dit niet accepteren. Dit mag gewoon niet! De les die we hebben geleerd is dat we het compacter moeten houden, waardoor je in gevecht kunt komen. Maar ik denk dat we absoluut kans hebben om als achtste te eindigen. We spelen nog vier wedstrijden, ik denk dat we negen punten nodig hebben om dat te halen. En ik denk dat dat kan!"

Ik weet dat het voor PSV niet eenvoudig is om spelers van andere Nederlandse clubs te kopen. Die zijn altijd erg duur.

PSV-trainer Roger Schmidt

Roger Schmidt oer Joey Veerman

Mei it parsemomint mei PSV trainer Roger Schmidt waard ek praat oer Joey Veerman. De Eindhovenaren hawwe Veerman mei klam op it each as eventuele fersterking op it middenfjild. Mar PSV is net de iennige klup, ek bûtenlânske klups as Rangers FC, Stade Reims en Atalanta Bergamo hawwe ynteresse yn de middenfjilder fan SC Hearrenfean.

Schmidt sei tsjin Voetbal International dat hy Veerman in goeie spiler fynt. "Een heel goede speler, zeker mét de bal," sa seit de Dútske PSV trainer. "Hij heeft altijd goede ideeën, maakt goede beslissingen onder druk en kijkt altijd vooruit. Hij wil altijd de vleugelspelers of de spits bereiken. Dus Veerman is een heel goede speler, ja."

Priiskaartsje

Mar omdat der in flink priiskaartsje fan sa'n 10 miloen euro oan Veerman hinget, is it noch mar de fraach oft dat foar PSV te beteljen is.

Roger Schmidt: 'Ik ben hier nu pas één jaar, maar ik weet al wel dat het voor PSV niet eenvoudig is om spelers van andere Nederlandse clubs te kopen. Die zijn altijd erg duur, haha. Ik weet niet of wij zomaar topspelers uit de Eredivisie kunnen halen. Ik weet ook niet wat Veerman moet kosten, hoor. Maar als wij het intern hebben over dat soort spelers, merk ik al wel dat het niet vanzelfsprekend is dat PSV zulke jongens kan halen.'

Johnny Jansen oer ynteresse PSV foar Joey Veerman

Joey aan de bal is steengoed, dat is top van Nederland.

Johnny Jansen oer Joey Veerman

Neffens Johnny Jansen soe PSV in moaie klup wêze foar Joey Veerman. "Als ze betalen wat ze moeten betalen dan zou dat een hele mooie stap zijn, want Joey wil graag een stap omhoog. Als PSV dan langskomt dan is dat een mooie club voor hem, maar Joey moet bepalen of hij dat wil. Joey aan de bal is steengoed, dat is top van Nederland."

De wedstriid PSV - SC Hearrenfean is sneintemiddei om 16.30 oere en is live te hearren yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)