Fjouwer Fryske hûs-oan-hûsblêden kombinearje ta twa

30 apr 2021 - 19:20

Fjouwer titels fan hûs-oan-hûsblêden fan NDC Mediagroep wurde gearfoege ta twa titels. De Jouster Courant en de Zuid-Friesland komme tenei byinoar yn de titel: Jouster Courant en Zuid-Friesland. En de Nieuwe Dockumer Courant en de Kollumer Courant geane fierder ûnder de namme Nieuwe Dockumer Courant. Troch it kombinearjen fan de wykblêden kinne kosten besparre wurde.

Foto: Omrop Fryslân

Oant der mear bekend is oer de takomst bliuwt NDC Mediagroep de útjouwer fan de blêden. It Belyske Mediahuis sjocht as eigener fan NDC gjin takomst mear yn de hûs-oan-hûsblêden en siket in keaper. De takomst fan de blêden stiet faai, want partijen om it oer te nimmen steane net yn de rige. Winst is mei de lytse kranten suver net mooglik troch ôffallende advertinsje-ynkomsten.

Dochs al fierhinne itselde

De namme fan de Kollumer Courant ferdwynt dus hielendal. Neffens in wurdfierder fan de útjouwer hat de namme fan de Kollumer Courant net in soad histoarje, dêrom hat NDC dy kar makke. De fjouwer wykblêden kombinearje fan 5 maaie ôf. "De kranten waren al grotendeels hetzelfde en vanaf volgende week zijn ze dus in zijn geheel samengevoegd," sa lit de útjouwer witte.

De oare, noch besteande hûs-oan-hûsblêden fan NDC binne it Bolswards Nieuwsblad, de Drachtster Courant, De Feanster, de Franeker Courant, de Heerenveense Courant, Huis aan Huis Leeuwarden en it Sneeker Nieuwsblad. Fierder binne der noch in tal abonnemintkranten: de Balkster Courant, de Nieuwe Ooststellingwerver, Nieuwsblad Noordoost-Friesland en de Stellingwerf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)