Focco (19) bout syn eigen tiny house yn Iezumasyl

30 apr 2021 - 18:59

Hy is alle wiken drok oan it timmerjen, de 19-jierrige Focco Duinstra fan Snits. Focco makket syn eigen tiny house, in lyts hûs op tsjillen, om yn te wenjen. Dat docht hy mei syn pake Sjouke Faber yn Iezumasyl. It is de bedoeling dat Focco aansten ek echt yn it hûs wenje sil.

Focco bout syn eigen tiny house

It tiny house stiet no noch flak by de slûs yn Iezumasyl, in lyts stikje rinnen fan it hûs fan de pake en beppe fan Focco. Dêr wurdt wykliks wurke oan it húske. Yntusken sjit it aardich op: de bûtenkant is fierwei hinne klear en waard freed foarsjoen fan houten beklaaiïng.

Minimale fasiliteiten

Fan binnen wurdt it húske goed isolearre, om it mei spesjale panielen elektrysk ferwaarmje te kinnen. Foaral it ynrjochtsjen fan in tiny house is noch in flinke puzzel. "Do moatst sa optimaal mooglik omgean mei dyn romte, mei minimale fasiliteiten", seit Focco. "Ik krij in húske, der komt in dûs yn en fansels in keuken en in bêd. Wat hast fierder eins noch nedich?"

As it húske aansten klear is, moat der noch in plak foar socht wurde. It tiny house bliuwt nei alle gedachten net yn Iezumasyl, mar in geskikte lokaasje fine is dreech. Dat komt omdat der yn de measte gemeenten net in soad plakken besikber binne foar de lytse húskes. "Mar it soe moai wêze om yn Fryslân te bliuwen", fertelt Focco. "Mar dan moat der yn de regio wol mear plak beskikber komme."

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)