Kolleezje Ljouwert wol nei juridysk advys troch mei priiswinner Zalen Schaaf

Ekstern juridysk advys is foar boargemaster en wethâlders fan Ljouwert gjin oanlieding om de winner fan de priisfraach foar de takomst fan Zalen Schaaf út te sluten. Neffens de FNP soe dat al moatte, omdat it plan 'Herontwikkeling Speelmankwartier' fan Turfmarkt BV pas oeren nei de deadline binnenkaam.
© Omrop Fryslan, Jan Durk de Haan
It plan kaam oeren letter binnen op it foarskreaune emailadres zalenschaaf@leeuwarden.nl. Turfmarkt BV hie de plannen yn earste ynstânsje lykwols nei info@zalenschaaf.nl stjoerd en soe dêrom neffens de FNP útsletten wurde moatte. Mar omdat de ynhâld fan de plannen yn beide mails itselde wie, is it neffens juridysk advys 'te ferdigenjen' om it plan dat neffens de sjuery de beste wêze soe dochs mei te nimmen yn de beoardieling.

Betrouwen fan kolleezje

Fraksjefoarsitter Jan Willem Tuininga fan de FNP seit dat er it 'nijsgjirrich' fynt dat it kolleezje ekstern juridysk advys ynwûn hawwe. "Blykber fertroude it kolleezje it dochs net hielendal."
Tuininga neamt de konklúzje dy't Hein de Haan oan it juridysk advys ferbynt 'diskutabel'. "De gemeente moat him gewoan oan de eigen spulregels hâlde." Neffens Tuininga kin it juridysk advys ek sa útlein wurde dat it tûker is om Turfmarkt BV wol út te sluten.

17 maaie fierder

De Ljouwerter polityk praat op 17 maaie fierder oer de takomst fan Zalen Schaaf. By de priisfraach waarden trije plannen ynstjoerd. De gemeenteried is frijwat ferdield oer hokker plan it beste is. De FNP is foar it plan 'Schaaf mut blieve' fan Bobby Veenstra en Steven de Jong, omdat dat plan útgiet fan restauraasje fan de grutte seal en behâld fan de kulturele funksje fan it kompleks.