Keamerdebat taslagge-affêre en útstel skeafergoeding jouwe dupearre âlden ûnrest

30 apr 2021 - 19:53

It debat oer de bernetaslagge-affêre yn de Twadde Keamer fan tongersdei wie ûnbefredigjend foar de measte slachtoffers. Dat seit Anoeska de Vries fan Lotgenotengroep KOTA.

Anoeska de Vries oer it keamerdebat

Nei tolve oeren debat wist se noch net wêr't de dupearden oan ta binne. "Ik fûn it foaral lang duorjen en in protte geleuter. Ik bin doe mar op bêd gien, want moarns giet de wekker wer betiid. De húshâlding moat wol trochdraaie."

Unrêst

It keamerdebat gie neffens De Vries te folle oer byldfoarming en de lestige ferhâlding tusken kabinet en krityske keamerleden en fierstente min oer de help oan de slachtoffers fan de bernetaslagge-affêre. Boppedat waard dúdlik dat, yn striid mei eardere ôfspraken, lang net alle âlden foar 1 maaie de taseine 30.000 euro krije. Beide saken soargje foar noed yn de groep. "Der hearsket in protte ûnrêst. Foaral by de groep dupearden dy't noch fan neat witte."

De Vries hat al in foarskot krigen, mar noch gjin definitive regeling. Mei in húshâlding fan fjouwer bern en sân katten kin se mear dúdlikheid wol brûke. Mar se is optimistysk dat sy dy wol op koarte termyn krijt. "Ik haw heard dat der hjoed ek wer in protte brieven de doar útgeane. Ik gean derfan út dat steatssekretaris Alexandra van Huffelen no wol echt feart makket."

Nije kâns

As dupearre âlder hie De Vries mear ferwachte fan it keamerdebat, mar de Twadde Keamer krijt in nije kâns. By in folgjend keamerdebat op 19 maaie stiet as it goed is de help oan de slachtoffers sintraal.

As it oan Lotgenotengroep KOTA leit, giet dy help fierder as de taseine 30.000 euro. In part fan de âlden hat ek help nedich op it mêd fan húsfêsting, it finen fan wurk of psychologyske problemen. "In soad minsken moatte in nije start meitsje. Mei jild allinnich is it net klear. It ferfolch is like wichtich", sa seit De Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)