Mega-operaasje om flaggemêst op tsjerke Friens te ferfangen

30 apr 2021 - 17:48

It ferfangen fan in flaggemêst soe in ienfâldich putsje wêze moatte, mar dat falt bot ôf as it giet om in flaggemêst boppe-op in tsjerketoer. De mêst fan de tsjerke fan Friens wie nedich ta oan ferfanging. It gefaarte wurdt te swier foar de frijwilligers en dêrom wurdt dy ferfongen troch in aluminium eksimplaar.

Foto: Omrop Fryslân

De aluminium mêst is njoggen meter lang en kin dêrtroch net samar nei boppen ta brocht wurde. It treppehûs yn de klokketoer is dêr fierstente smel foar.

Koster Piet Sjonger is al mear as fyftich jier belutsen by de tsjerke en ken de gefaarlike trepkes dan ek op syn tomke. In lange flaggemêst past der net samar trochhinne, sa sjocht hy ek. De rûte nei de top giet nammentlik dwers troch it klokkespul hinne en dy bochten kinne net makke wurde mei de lange stôk.

Foto: Omrop Fryslân

De oplossing is in grutte kraan, dy't de nije peal fia it dakrút deryn takelje moat. In hiel och heden foar in lytse ferfanging. Dochs is it bot nedich, sa fertelt bestjoerslid Siep van Lingen. De houten peallen binne loch en swier, en wurde hieltyd dreger om út te stekken. Benammen no't de frijwilligers op leeftiid komme.

De hiele put duorret úteinlik net langer as in oere. Njonken de tsjerke fan Friens ha ek de tsjerken fan Reduzum en Idaerd freed in nije flaggestôk krigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)