'Each foar de soarch' by Omrop Fryslân: stjoer dyn ferhaal foar 3 maaie

02 maaie 2021 - 15:45

Al mear as in jier wurkje sy ûnder hege druk: de minsken yn de soarch. Ferline jier klonk der noch applaus. No wurdt der net folle mear klapt. It bliuwt stil. De druk op de soarch bliuwt lykwols heech yn coronatiid. Dêrom set Omrop Fryslân op 3 maaie de soarchmeiwurkers yn de skynwerpers.

Each foar de soarch

Wy hawwe de hiele dei each foar de soarch op ferskate wizen. Ferslachjouwers geane op besite by soarchmeiwurkers om de ferhalen te hearren. Mar wy dogge ek in berop op ús harkers en sjoggers.

Lit it ús witte

Wolle jo ien yn it sintsje sette? Lit it ús witte. In plaat oanfreegje, in ferhaal fertelle of jo wurdearring útsprekke, it kin allegearre. Fan intensive care-ferpleechkundige oant thússoarchmeiwurker, eltsenien fertsjinnet in komplimint, sa fine wy.

Wolle jo of wolst do in komplimint jaan oan of in ferhaal kwyt oer in meiwurker yn de soarch dan kin dat. Mail it ferhaal nei soarch@omropfryslan.nl, fertel wêrom't dizze persoan in plaat of komplimint fertsjinnet. De hiele dei by Omrop Fryslân dus: Each foar de soarch!

(Advertinsje)
(Advertinsje)